De famylje Gilman wie in famylje fan oargelbouwers dy't yn Kornelimünster (by Aken) festige wie en wierskynlik fan oarsprong fan Luik kaam. De famyljeleden makken tal fan tsjerkoargels yn fral Nederlânsk Limburch, it Rynlân en België.
De âlde NH-tsjerke fan Peazens hat sûn 1908 in oargel fan J.T. Gilman, oerbrocht út de Laurentiustsjerke fan Haarlim.
Twa telgen út de famylje binne hjir fan belang:
Laurent Gilman
Laurent Gilman (? - 1740) wie in learling fan Jacob Brammerts en boaske as widner yn 1714 oan de dochter fan syn wurkjouwer, dat it wie syn twadde houlik. Hy arbeide op mei Brammerts en krige letter de lieding fan it atelier. Se krigen 13 bern, ûnder oaren Johann Theodor Gilman en Antonius Adam Wilhelm Gilman, dy't beide ek ferneamde oargelmakkers wurde soene.
Johann Theodor en Antonius Gilman
Johann Theodor Gilman (1714-1790) en Antonius Gilman wiene oargelbouwers út Kornelimünster en soannen fan Laurent.
Keppeling om utens
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.