From Wikipedia, the free encyclopedia
Johann Friedrich Wenthin (Otterstedt by Bremen, 10 augustus 1746 - Emden, 27 maaie 1805) wie in Dútske oargelbouwer. Yn Fryslân stiet yn 'e tsjerke fan Sweins in oargel fan Wenthin.
Johann Friedrich Wenthin wurke nei alle gedachten by Heinrich Wilhelm Eckmann en wie ien fan 'e grutste konkurrinten fan Hinrich Just Müller (1740-1811) yn East-Fryslân. Hy troude yn 1775 yn Emden mei Catharina Gertrud Wenthin út Neustadtgödens en krige by har fjouwer bern. Syn soan Joachim Wenthin folge him op en naam syn oargelbedriuw letter oer, mar dy wurke skraach yn East-Fryslân.
De grutste prestaasje fan Wenthin wie de nijbou fan it oargel foar de Grutte Tsjerke fan Emden. Dêrmei krige Wenthin namme as oargelbouwer, sadat er ek opdrachten út it oanbuorjende Nederlân krige. Dat ynstrumint waard yn 1779 foltôge, mar gyng by de ferneatiging fan 'e tsjerke yn 1943 spitigernôch ferlern. It hie 40 registers en wie de iennige nijbou fan Wenthin mei in selsstannich pedaal. Al syn lettere oargels hiene in oanhongen pedaal en minder as 20 stimmen. By twamanualige oargels waard oan it haadwurk in boppewurk tafoege.
Syn oargels hiene in elegante en sêfte klank as skaaimerk, mei in grutter oandiel fan fluit- en strykregisters. Ek paste er moderne registers ta, lykas de traversfluit en de labiaalklarinet. Wenthin's moderne wize fan wurkjen is ek te sjen oan 'e foarmjouwing fan 'e oargelfronten. Dy binne yn 'e regel yn de rokoko-styl, mar de lêste fronten ferriede troch bygelyks de tafoeging fan fazen op it front ynfloeden fan it klassisisme .
Fan 'e folgjende oargels is it bekend dat se troch Wenthin boud binne. De kursive beskriuwing jout oan dat it oargel net of allinne it front fan it oarspronklike oargel bewarre bleaun is. De grutte fan it ynstrumint wurdt yn 'e fyfte kolommenrige troch it tal manualen en yn 'e sechde troch it tal registers oanjûn. In grutte "P" stiet foar in selsstannich pedaal, in lytse "p" foar in oanhongen pedaal.
Jier | Plak | Tsjerke | Ofbyld | Manualen | Registers | Oanmerkings |
---|---|---|---|---|---|---|
1779 | Emden | Grutte Tsjerke | II/P | 40 | Nijbou; by it bombardemint op de stêd yn 1943 ferlern gien. | |
1776–1781 | Hinte | Tsjerke fan Hinte | I/p | 8 | Nijbou; front bewarre bleaun. | |
1779–1782 | Weener | Sint-Joaristsjerke | III/P | 37 | Oargel fan Arp Schnitger, yn 1779 oant 1782 ferhûze troch Wenthin nei in nije galerij foar it koer. It ynstrumint waard reparearre en grutter makke mei boarstwurk en pedaaltuorren; allinne it front fan de pedaaltuorren bleaune bewarre (hjoeddedei II/P/29). | |
1785 | Riepe | Tsjerke fan Riepe | I/p | 10 | Nijbou; ferfongen, front mei pipen bewarre bleaun. | |
1783 | Backemoor | Tsjerke fan Backemoor | I/p | 12 | Nijbou; foar in grut part bewarre bleaun. | |
1785 | Sweins | Reginatsjerke | I/p | 13 | Nijbou; letter ferboud. | |
1787 | Nieuwolda | Tsjerke fan Nieuwwolda | II/p | 21 | Nijbou; foar in grut part bewarre bleaun. | |
1788–1789 | Reepsholt | Sint-Mauritiustsjerke | II/p | 17 | Nijbou, foar in grut part bewarre bleaun. | |
1790–1793 | Wolthusen | Tsjerke fan Wolthusen | I/p | 8 | Nijbou; 4 registers bewarre bleaun. | |
1793 | Hesel | Liudgertsjerke | I/p | 13 | Nijbou; allinne wat fykwurk fan it front bewarre bleaun. | |
1793 | Westerende | Sint-Martinustsjerke | I/p | 13 | Nijbou; 1885 ferbouwing en fergrutting troch Johann Diepenbrock (hjoeddedei I/P/15); foar in grut part bewarre bleaun. | |
1796 | Oldersum | Tsjerke fan Oldersum | II/p | 12 | Nijbou, net bewarre bleaun. | |
1797–1798 | Bad Bentheim | Herfoarme tsjerke | I/p | 12 | Nijbou, net bewarre bleaun. | |
1798–1801 | Groothusen | Sint-Petruskerk | II/p | 19 | Nijbou; mear as de helte fan de registers bewarre bleaun. | |
1802 | Blersum | Tsjerke fan Blersum | I/p | Yn 1850 krige de gemeente in hûsoargel fan Wenthin; yn 1890 troch Johann Martin Schmid ferfongen. | ||
1804 | Groß Midlum | Tsjerke fan Groß Midlum | I/p | 13 | 1956 pipen ferfongen, oargelfront en wynlade bewarre bleaun. |
Dêroerhinne komme ek noch ferskate ferbouwings, fergruttings en reparaasjes.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.