Ierdappelsykte of phytophthora (fytoftora) is in plantesykte dy’t feroarsake wurdt troch de oömyseet Phytophthora infestans, dy’t in protist is en by de wetterskimmels heart. (Oömyseten lykje bot op skimmels mar binne it net, dêrom wurde se wol pseudo-skimmels neamd).
Dizze sykte feroarsaket knolrot en it brún wurden en ôfstjerren fan de blêden en stâlen. Op tomaat kin dizze sykte foar iertidich ôfstjerren soargje. Ierdappels en tomaten steane bekend om harren gefoeligens foar dizze sykte. Se hearre by de famylje fan de hûnebei-eftigen. Ek oare planten út dizze famylje kinne gefoelich wêze.
Om’t dizze oömyseet him yn kâlde wiete simmers gau ferspriede kin, feroarsaket dizze sykte benammen in soad skea yn de lannen mei in fochtich seeklimaat. Yn de jierren 1845-1849 wie dizze syke yn Ierlân oarsaak fan in regelrjochte ramp. Sawat de hiele ierdappelrispinge mislearre, en der wie hongersneed, de ‘Grutte Hongersneed’, en in soad Ieren emigrearren nei Noard-Amearika.
Biology
Phytophthora infestans heart by de groep oömyseten (lykje op skimmels) dy’t har ûnder wiete omstannichheden ûnder oare ferspriede kinne mei saneamde zoöspoaren. Dy spoaren binne foarsjoen fan twa flagellen en kinne swimme, wêrtroch’t se har folle makliker ferspriede. Oare net-slachtlike spoaren kinne troch wyn en reindrippen ferspraat wurde.
Gewoanwei oerwinteret de sykte yn besmette knollen dy’t op it lân efterbliuwe. Dêrom is it wichtich dat der gjin ierdappels yn it lân of op ôfeartheappen lizzen bliuwe. Ut de ynfektearre knollen komme planten dy’t de net-slachtlike spoaren (spoarangia en zoöspoaren) opjouwe. Ut dy spoaren kinne nije ynfeksjes ûntstean as it gewaaks op syn minst fjouwer oant acht oeren wiet bliuwt, de saneamde blêdwiet-tiid, by in relative luchtfochtigens fan mear as 95%. Nei ynfeksje ûntsteane by in temperatuer fan 12-24 graden Celsius binnen in pear dagen mei it each waar te nimmen symptomen op blêden en stâlen. Nei ynkringen fan de oömyseet yn de plant duorret it 3 oant 5 dagen foardat der nije spoaren foarme wurde.
Oant de tachtiger jierren wie yn Jeropa allinnich it saneamde A1-type oanwêzich. Troch de yntroduksje fan nije A1- en A2-pearingstypen yn Jeropa is no ek de slachtlike faze fan de sykte mei oöspoaren, dy’t yn tsjinstelling ta de spoarangia en zoöspoaren foar in lange tiid bûten de waardplant yn libben bliuwe en op syn minst trije jier yn de grûn oerlibje. Yn Nederlân komme yn it noardeastlik sângebiet, dêr’t in soad setmoalierdappels boud wurde, in soad oöspoaren foar. By de pearing fan in hyfe fan it type A1 mei in hyfe fan it type A2 wurde in oögonium en in anteridium foarme, dêr’t de oöspoare út ûntstiet. Dy aaisel wurdt yn in gametanium troch in spermatozoïde befruchte. Ut de oöspoaren ûntsteane sporangia en zoösporangia. De zoösporangia foarmje op ’t lêst de zoöspoaren. De zoöspoaren spylje foar’t neist earst letter yn it seizoen (ein juny - begjin july) in rol.
Bestriding
De syktedruk is de lêste jierren sterk tanommen as gefolch fan de agressiviteit fan dizze oömyseet. Ierdappelsykte is gemysk mei fungisiden te bestriden. Der binne rassen dy’t mear of minder resistint binne. Der is ferskil yn resistinsje fan de knol en it lof. Guon rassen binne amper resistint yn it lof, mar hawwe noch in knappe resistinsje fan de knol. Sarpo Mira, Toluca, Sarpo Axona, … binne op ’t heden (2012) goed resistint yn lof en knol; dy resistinsje kin oer in jier as wat wol trochbrutsen wurde. Bedriuwshygiëne, lykas it ôfdekken fan ierdappelôfeartheappen en bestriding yn ierdappelopslach, is sjoen it oerwinterjen fan de sike knollen in foar de hân lizzende maatregel.
Sûnt koart wurdt ek eksperimintearre mei GMO om flotter nije resistintere rassen te kweken en is it DNA fan Phytophtora infestans yn kaart brocht.
Yn de biologyske lânbou meie gjin gemyske middels brûkt wurde en wurdt it lof fan de ierdappels ferbaarnt, foardat der 1.000 oantaaste bledsjes de 20 kante meter binne.
By de gemyske bestridingsmiddels dy’t wurkje tsjin Phytophthora infestans hearre de fungisiden fluopisolide, fan Bayer Cropscience (merknamme Infinito®), dat yn 2006 foar it earste talitten waard yn Grut Brittanje en Sina en mandipropamid fan Syngenta (merknamme Revus™), dat yn 2005 yntrodusearre waard.
Eksterne links
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.