Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De yen (Japansk: 円, "en") is de muntienheid fan Japan. De yen wurdt yn it Latynske skrift ôfkoarte ta ¥, yn it Japansk wurdt de kanji 円 brûkt.
Troch it belang fan Japanske ekonomy is de yen yn de wrâld in wichtige muntienheid.
Troch de ferskillende wizen fan tellen yn Europa en Japan kin it lestich wêze om mei in Japanner oer grutte bedraggen te sprekken. dêr't men yn Europa yn tûzenen en miljoenen praat (mei 3 sifers tagelyk), tinkt men yn Japan yn groepen fan 4 sifers (myriaden). As in net-Japanner dus oer 10 miljoen yen sprekt, sil in Japanner dit earste oersette moatte nei 1000 kear 10000 yen (of 1000万円) eardat hy in gefoel krije sil foar hoefolle it jild dat bedrach krekt is.
Der binne munten fan 1, 5, 10, 50, 100 en 500 yen. Der binne bankbiljetten fan 1.000, 5.000, 10.000 yen en it komselden brûkte biljet fan 2.000 yen.
Under en nei de Twadde Wrâldkriich ferlear de yen in grut diel fan syn wearde. Nei in ûnstabile tiid waard de yen yn 1949 keppele oan de Amerikaanske dollar (¥360 waard lyksteld oan US$1). Dat plan fan de Feriene Steaten wie ûnderdiel fan it Bretton Woods Systeem. Doel fan dat systeem wie in stabile Japanske ekonomy. Yn 1971 waard de bân tusken de yen en de dollar ferbrutsen. Reden dêrfoar wie it loslitten fan de Amerikaanske goudstandert, wat in wichtich ûnderdiel wie fan it Bretton Woods Systeem.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.