De Japanske Binnensee (Japansk: 瀬戸内海, Seto Naikai, 'Seto Binnensee') is de namme fan de ûndjippe binnensee dy't de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû, de trije haadeilannen fan Japan, fan elkoar skiedet.

Fluch de feiten
Japanske Binnenzee
瀬戸内海, Seto Naikai
Thumb
De Japanske Binnensee mei prefektueren en brêgen.
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû
lân Japan
koördinaten34°10′N 133°20′E
ûnderdiel fanStille Oseaan
sifers
maks. lingte450 km
maks. breedte55 km
oerflak23.203 km²
djiptegemiddelde37,3 m
djipste punt105 m
Slute
Thumb
In satellytfoto fan de Japanske Binnensee mei de wichtichste seestrjitten en de Baai fan Osaka.

Oan de 7000 km lange kust wenje likernôch 35 miljoen minsken, sa'n 27% fan de befolking fan Japan.

Der lizze sa'n 3000, meast net bewenne, eilannen yn de Japanske Binnensee. Yn it noardeasten leit it grutste eilân, Awaji.

Geografy

De see wurdt begrinze troch fiif seestrjitten :

  • De Strjitte fan Kanmon (of Strjitte fan Shimonoseki) ferbynt it westlik part fan de Japanske Binnensee mei de Japanske See.
  • De Strjitte fan Hoyo ferbynt it súdwestlik diel, troch it Kanaal fan Bungo mei de Stille Oseaan.
  • Yn it noarden skiedet de Strjitte fan Akashi en de Strjitte fan Kitan de Binnensee fan de Baai fan Osaka.
  • De Strjitte fan Naruto ferbynt it eastlik part, fia it Kanaal fan Kii mei de Stille Oseaan.

De meast wichtige kuststêden binne Kobe, Ube, Okayama, Hiroshima, Iwakuni en Matsuyama.

De meast wichtige eilannen binne :

  • Yn it easten : Awaji, Shodoshima, Ieshima, Naoshima, Shiwaku.
  • Sintraal: Omishima, Innoshima, Itsukushima, Hinase, Kasaoka.
  • Yn it westen: Suooshima, Uwakai, Hashirajima.

Brêgen

De eilannen Honsjû en Sjikokû binne troch trije brêgesystemen mei elkoar ferbûn. De meast noardlike fan dy brêgen is de Akashi-Kaikyo-brêge - de langste hingbrêge fan de wrâld - oer de Strjitte fan Akashi. Yn it suden lizze de trije Kurushima-Kaikyo-brêgen. De brêgen eksploitearre troch de Honshu-Shikoku Bridge Expressway Company Limited.

Thumb
De Japanske Binnensee, sjoen fan6of Miyajima.

Toerisme

De kusten fan de Japanske Binnensee foarmje in grutte toeristyske trekpleister. Al foardat bûtenlanners Japan yn mochten wie de skientme fan de see ferneamd en waard sy priizge en besongen.

It grutste part fan de see heart no ta it nasjonale park fan Setonakai (瀬戸内海国立公園, Setonaikai Kokuritsu kōen). Dit park wie ien fan de earste nasjonale parken fan Japan, stifte op 16 maart 1934.

It skryn fan Itsukushima op it eilân Itsukushima yn de stêd Hatsukaichi is troch UNESCO erkend as Wrâlderfgoed. Shodoshima, it saneamde "het olive-eilân", en de draaikolk fan Naruto yn de Strjitte fan Naruto binne twa plakken dy't ek in protte toeristen lûke.

Keppelings om

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.