From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Vroom jr. (Haren, 6 augustus 1893 – Glimmen, 5 maart 1958) wie in Nederlânske tún- en lânskipsarsjitekt.
Vroom wie de fjirde generaasje yn in famylje fan túnarsjitekten; hy wie in soan fan Jan Vroom sr.. Hy gie nei de Gerard Adriaan van Swieten Tuinbouwschool yn Frederiksoard. Yn 1911, krekt 18 jier âld, naam er it wurk fan syn heit dy't blyn wurden wie oer.
Under de Earste Wrâldoarloch wurke er oan syn earste grutte opdracht, it ûntwerpen fan in tún foar it Rykskranksinnigegesticht yn Medemblik. Dêrtroch waard er lanlik bekend en waard er yn de jierren tweintich en tritich frege foar de oanlis fan tunen by ferskate psychiatryske ynstellingen lykas it Noarder Sanatoarium yn Súdlaren, Groot Bronswijk yn Wagenborgen en De Hooge Riet yn Ermelo. Yn 1939 begûn er in eigen kwekerij yn Glimmen, om net langer ôfhinklik te wêzen foar de oanfier fan planten troch oaren. Vroom die ek restauraasjes, bygelyks it Van Heutszpark yn Coevorden, dat yn 1900 troch syn heit oanlein wie en yn 1915 troch Leonard Springer útwreide wie.
Vroom stoar yn de âldens fan 64 jier. Hy waard beïerdige op De Eshof yn Haren.
De fersetsman Jan Vroom, dy't by Woeste Hoeve eksekutearre waard wie in neef fan him.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.