From Wikipedia, the free encyclopedia
Inge Diepman (Sutfen, 19 septimber 1963) is in Nederlânsk eardere presintatrise bij de publike omropferiening VARA.
Inge Diepman | ||
Inge Diepman, 2010 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 septimber 1963 | |
berteplak | Sutfen | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Presintator, ûndernimmer | |
prizen | Academy Award foar Het zwarte schaap oer Willem Aantjes. |
Diepman gie nei it Baudartius Kolleezje yn Sutfen. Dêrnei folge se de oplieding HBU-jongereinwurk, wêrnei't se by de radio te lâne kaam, ynearsten as tillefoaniste by Radio East yn Swol. Rillegau siet se lykwols achter de mikrofoan as presintatrise en makker fan nijsprogramma's by dyselde omrop. Dêrneist presintearre Diepman foar Omrop Flevolân in part fan de iepeningútsjoering op lokaasje.
Foar de radio presintearre se ûnder oare it programma Vroege Vogels. Foar it tydskrift Margriet makke se ynterviews mei bekende persoanen. Yn 1991 stapte se oer nei de telefyzje. Se presintearre programma's as Herexamen en Het zwarte schaap en oant 2005 it programma B&W. Yn 2001 krige se in Gouden Byld (Academy Award) foar de ôflevering fan Het zwarte schaap oer Willem Aantjes.
Yn 2005 gie Diepman by de VARA wei. Yn desimber 2006 kaam se werom op telefyzje by Teleac.
Diepman boaske oan Sylia de Graaf, earder nijslêzeres by it radionijs fan de NOS. Diepman en de Graaf hawwe in eigen bedriuw, Inge Diepman BV (earder Diepman De Graaf Media). Dêrmei treedt Diepman ûnder mear op as deifoarsitter, ynterviewer, tekstskriuwer en kommunikaasje-adviseur. Oer de berte en dea fan harren soan David skreaune se tegearre de roman Diep, dy't yn maart 2007 ferskynde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.