Inga Grigorjevna Artamonova (Moskou, 29 augustus 1936 - Moskou, 4 jannewaris 1966) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny. Se wie ek wol bekend ûnder har troude namme Inga Voronina en Inga Voronina-Artamonova. Artamonova begûn as jong famke mei roeien, yn dizze sport waard se kampioene fan de Sovjetuny by de junioaren. Letter begûn se mei it langebaanriden. Artamonova waard Wrâldkampioene yn 1957, 1958 en 1962, waard yn 1963 en 1964 twadde en helle har fjirde wrâldtitel yn 1965. Troch seleksjekritearia sa't dy yn de Sovjetuny hantearre waarden, mocht se nea útkomme op de Olympyske Winterspullen.

Fluch de feiten
Inga Artamonova
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeInga Grigorjevna Artamonova
nasjonaliteit Sovjet
bertedatum29 augustus 1936
berteplakMoskou
stjerdatum4 jannewaris 1966
stjerplakMoskou
lingte1.77 m
sportive ynformaasje
sportReedriden
ûnderdielLangebaan
debút1957
karriêre-ein1966
wichtige prestaasjes
4x goud WK Allround 1957, 1958, 1962, 1965
2x sulver WK Allround 1963, 1964
Slute

Artamonova wie boaske mei reedrider Gennady Voronin, hy waard ek har trainer, mar rekke slim oan de drank. Gennady wie hiel jaloersk op de suksessen fan syn frou en doe't Inga yn desimber 1965 oanjûn hie by Gennady wei te wollen nei meardere kearen troch him tamtearre te wêzen, waard sy begjin jannewaris 1966 troch har man fermoarde. Inga Artamonova 29 jier âld, waard begroeven op it Vagan'kovskoye begraafplak yn Moskou.

Persoanlike rekords

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 44,9 27 jannewaris 1962 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.32,8 27 jannewaris 1964 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1500 meter 2.19,0 27 jannewaris 1962 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
3 km 5.05,5 15 maart 1964 flagge fan de Sowjetuny Dinamo Stadion, Kirov
5 km 10.04,8 22 maart 1955 flagge fan de Sowjetuny Dinamo Stadion, Kirov

Resultaten

Mear ynformaasje jier, WKAllround ...
jier WK
Allround
1957Goud
1958Goud
19594e
196110e
1962Goud
1963Sulver
1964Sulver
1965Goud
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.