From Wikipedia, the free encyclopedia
Oerflaktewetter is wetter dat him yn floeibere foarm oan it oerflak fan in planeet befynt. Yn tsjinstelling ta it grûnwetter dat by boarnen omheech komt, it iis en gletsjers op (ûnder oaren) de poalen en bergen en de damp yn de dampkring. Tegearre foarmje sy de hydrosfear fan de Ierde.
Oerflaktewetter wurdt it meast oanfold troch delslach en giet ferlern troch ferdampjen en it fuortlekken yn de grûn nei it grûnwetter.
Oerflaktewetters kinne natuerlike of keunstmjittige wetters en wettergongen wêze. Grutte wetters binne pleatslik fan ynfloed op de temperatuer en it waar. Hoe grutter it oerflak, hoe mear de wyn tanimme kin, mar ek smellere streken wetter kinne lykas bergen in barriêre foarmje tusken meteorologyske waarfronten.
Natuerlike oerflaktewetters binne:
Keunstmjittige oerflaktewetters binne:
Oerflaktewetter wurdt foar in grut tal saken brûkt. Sa brûke minsken it oerflaktewetter foar rekreaasje, bygelyks om yn te swimmen, as farwetter en as drinkwetterfoarsjenning. Bisten brûke it oerflaktewetter om yn of fan te libjen. Fisken binne it ferneamdst as brûkers fan it oerflaktewetter, mar ek koralen en planten libje yn it wetter.
Sûnt 1 desimber 1970 is yn Nederlân de Wet fersmoarging oerflaktewetters fan krêft. Dizze wet hat as doel it tsjingean en it foarkommen fan fersmoargings fan it oerflaktewetter. De wet ferbiedt it sûnder fergunning útwetterjen fan ôffalstoffen en fersmoarge en skealike stoffen yn it oerflaktewetter yn it hiele Nederlânske grûngebiet.
Yn Nederlân hâlde de wetterskippen harren dwaande mei it oerflaktewetter.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.