From Wikipedia, the free encyclopedia
Iemswâlde of Ymswâlde is in buorskip fan Tsjerkwert yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Iemswâlde leit besuden Boalsert oan de Bluodderige Feart. De namme komt ek foar as Hymeswald, Ymswolde, Ynswada, Imswardt, Ymswalden, Imisualde, Imswolde en Eemswoude
Yn 855 waard Iemswâlde oan Kleaster Werden skonken. Nei 1330 waard er in úthôf fan in kleaster Hospitaal yn Snits. Yn 1580 ferfoelen de kleasterbesittings oan de herfoarme tsjerke fan Boalsert. Yn de 17e iuw wennen der in soad roomske minsken. Ynwennertal: (1957) 55.
De buorskip bestiet út in twatal pleatsen op in terp (dêr't yn 2007 ien fan ôfbaarnde) mei dêromhinne noch in stikmannich ferspraat lizzende pleatsen.
In bekende Iemswâldster is Hylke Speerstra dy't op 7 juny 1936 berne is op in buorkerij yn Iemswâlde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.