From Wikipedia, the free encyclopedia
De Iemslânkampen is in groep fan konsintraasje-, straf- en kriichsfinzenekampen yn it Dútske Iemslân en it greefskip Bentheim. Yn totaal foelen 15 finzenekampen ûnder de Emslandlager[1], yn noardwest Dútslân yn de kriten tsjin de Nederlânske grins oan. Dizze kampen waarden út Papenburch wei bestjoerd. Dêr is ek in dokumintaasje- en ynformaasjesintrum oer de Iemslânkampen.
Yn 1933 waarden trije konsintraasjekampen oprjochte foar politike tsjinstanners fan it Nasjonaalsosjalisme: V Neusustrum, I Börgermoor en VII Esterwegen. Neusustrum en Börgermoor waarden yn 1934 in gewoan strafkamp. Ek Esterwegen wie fan 1937 ôf in gewoan strafkamp.
Neist dizze trije kampen bestiene noch de folgjende:
Yn 1939 waarden, faak fuort nei de bou, al wer 103 barakken fuorthelle om te tsjinjen by de bou fan de Westwall. Mei de barakken reizgen 2.000 Iemslânfinzenen mei. Rillegau giene de liende barakken werom nei it Iemslân. Yn de seis noardlike strafkampen waarden tusken 1939 en 1945 meast feroardielde Wehrmacht-militêren fêstholden. Yn de njoggen súdlike sieten meast kriichsfinzenen, ûnder oaren út Frankryk, Belgje, Nederlân en Ruslân. Yn 1943 en 1944 waarden fersetsstriders út Frankryk, Belgje en Nederlân yn Esterwegen opsletten. Dan wienen yn 1944 en 1945 de kampen Dalum en Versen in bûtenkamp (Außenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme.
Yn totaal binne sa'n 80.000 sivile finzenen en tusken de 100.000 en de 180.000 kriichsfinzenen yn de Iemslânkapen fêstholden. Skraachwurk 30.000 minsken, foar it grutste part kriichsfinzenen út de Sovjet-Uny ferlearen it libben. De finzenen waarden as twangarbeider ynset by de ûntginning fan de feangebieten.
De Iemslânkampen binne ferôvere troch Britske, Kanadeeske en Poalske troepen. De befrijde finzenen waarden oerbrocht nei kampen foar Displaced Persons (DP). Yn jannewaris 1946 bestiene yn it gebiet 15 kampen foar Poalske DP's en in kamp foar minsken út de Baltyske steaten. Oant juny 1947 waarden dizze kampen bestjoerd troch de FN-helporganisaasje UNRRA en dêrnei troch de IRO. Yn 1951 naam de West-Dútske oerheid de kampen op 'e noed. It DP-kamp yn Lingen waard as lêste opheft yn 1957.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.