In keppeling of hyperlink, lykas brûkt op it ynternet, is in ferbining tusken twa teksten, as by útwreiding alle ferbining op it Wrâld-Wiid Web dy't te folgen wienen om op in oare tekst út te kommen.
Op it Wrâld-Wide Web binne tekstsiden troch keppelings ferbûn. Wat op it stuit fral brûkt wurdt, binne hyperteksten, dêr't part fan de ynhâld in besûndere betsjutting hat. Sa kin yn de tekst fan de side oanjûn wêze hoe't men by in oare side komt. Sa'n ferbyning fan de iene side nei de oare wurdt in keppeling neamd. Bygelyks, op dizze Wikipedy-side steane guon stikjes tekst yn it read (foar de measte lêzers). Dat binne keppelings nei Wikipedy-siden dy't der no noch net binne. At dy siden letter ek skreaun wurde, dan wurde de keppelings blau, om oan te jaan dat de lêzer wier dêr fierder gean kin.
De kleur blau hat altiid in protte brûkt west om oan te jaan dat der in keppeling is nei earne oars, al feroaret hoe keppelings wurkje mei de jierren in bytsje. De kearn bliuwt ornaris dat men der op klikken kin om de keppeling te folchjen nei in oare side.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.