From Wikipedia, the free encyclopedia
Houwersyl (Grinslânsk: Houwerziel) is in plak yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) yn Grinslân en hat ûngefear 190 ynwenners.
It doarp is groeid om de (net mear besteande) syl. Dizze spuislûs lei yn de Houwersylsterfeart. De syl is yn ûnbrûk rekke doe't de bûitengeul nei it Reitdjip ûnder ynfloed fan eb en floed fersâne en it gebiet fan it byhearrende sylfest oan te sluten op dat fan Skouwersyl.
It doarp hearde tsjerklik ta it ferdwûne Flydoarp. Dit is ek de reden dat it oarspronklike tsjerkhôf sa'n 2 km bûten it doarp lei. As it paad nei Flydoarp troch oerdiedich reinwetter min begeanber wie, farde men mei de boat oer de Houersylsterfeart nei it tsjerkhôf. Letter hearde it doarp tsjerklik by Niekerk. It tsjerkepaad nei dit doarp bestiet noch.
De namme komt grif fan hove, dus 'hoeve' of pleats, krektas bygelyks de wierde De Hou by Ulrum. Dat de namme is net, sa't faak miend wurdt, ôflaat fan dy fan dy wierde. De ôfstân is oars ek te grut om soks oannimlik te meitsjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.