De houliksnacht is de nacht folgjend op it sluten fan in houlik, en ornaris ek folgjend op 'e brulloft. Yn it ferline wie it de bedoeling dat it breidspear dan foar de earste kear seksuele omgong hawwe soe, en dat de ûntfamming fan 'e frou troch har man plakfine soe. Dat wie doe lang net altyd sa en tsjintwurdich wurdt dat idee troch de measte minsken yn 'e Westerske wrâld as folslein efterhelle beskôge. Oer it algemien wurdt der no pas troud nei't men al gearwenne hat of teminsten al langere tiid in relaasje hân hat wêryn't seks oer it algemien ek in wichtige rol spilet.
Foarhinne waard de seks yn 'e houliksnacht, oftewol de konsummaasje fan it houlik, yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke sjoen as in krúsjaal ûnderdiel fan it houlik. Dat wie hielendal net bedoeld om fan seks te genietsjen, mei't genietsjen fan seks yn prinsipe sjoen waard as wat ferkeards, benammen as it gie om 'e froulike houlikspartner. Ynstee wie de seksuele omgong inkeld bedoeld as middel foar fuortplanting, dat beskôge waard as de besteansreden fan it houlik. Dat gie sels safier, dat in houlik as ûnjildich beskôge waard as in breidspear gjin seksuele omgong hân hie.
Yn 'e Midsiuwen bestie yn guon regio's it rjocht fan prima nocta, de "earste nacht", dat ek wol bekendstiet as it droit de seigneur, it "rjocht fan 'e hear". Dat hold yn dat in ealman op waans gerjochtichheid in breidspear fan gewoan komôf wenne, it rjocht hie yn 'e houliksnacht seksuele omgong mei de breid te hawwen.
Sjoch ek
- brulloft
- konsummaasje
- prima nocta
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.