Remove ads

Hondoeras is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is Tegusigalpa.

República de Honduras
Flagge fan Hondoeras Wapen fan Hondoeras
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hondoeras
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Tegusigalpa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
112.090 km²
0,2­%
Ynwenners (2004) 6.250.000
Munt Lempira (HDL)
Tiidsône UTC -6
Nasjonale feestdei 15 septimber
Lânkoade HND
Ynternet .hn
Tillefoan 504

Geografy

Lizzing

Hondoeras wurdt begrinzge troch:

It leit op de lâningte fan Sintraal-Amearika oan de Golf fan Hondoeras, dat in part fan de Karibyske See is. Yn it suden hat it lân in koarte kuststripe mei de Grutte Oseaan. It eastpunt is Kaap Gracias a Dios, dat leit op it plak dêr't Kokorivier yn de Karaïbyske See útkomt.

Lânskip

Thumb
Hundueras Rainwâld

It lânskip fan Hondoeras is oerwegend bercheftich. Yn it noarden en oan de kusten lizze leechflakten dy't by de kust smel binne. De regio "La Mosquitia" yn it noardeasten is net folle ûntwikkele en bestiet foar it grutste part út reinwâld. It leechlân fan "Sula Vally" yn it noardwesten is tichtbefolke. Yn La Mosquitia, leit it UNESCO wrâld-erfdiel gebiet "Río Plátano Biosphere Reserve", mei de Koko rivier dy't it lân skied fan Nikaragua. De eilannen Islas de la Bahía en de Swanne Eilannen (allegear foar de noardkust) meitsje ek diel út fan Hondoeras.

De regio kin beskôge wurde as in biodiverske hutspot troch it enoarme oantal plant- en bistesoarten dy't hjir fûn wurde kin. Krekt as oare lannen yn de omkrite hat Hondoeras wiidweidige biologyske reserves. Yn it lân komme bygelyks mear as 6000 soarten faskulêre planten foar dêr't 630 (oant no ta beskeaun) orchideeën fan binne; om-ende-by 250 reptilen en amfibyen, mear as 700 fûgelsoarten, en 110 soarten sûchdieren, de helte hjirfan flearmûzen.

Remove ads

Skiednis

Yn 1524 waard it lân troch de Spanjerts yn besit nommen. Yn 1821 tred it ta oant de Midden-Amerikaanske Federaasje oant it yn 1838 in selsstannige republyk waard. Sûnt dy tiid hawwe mear as 100 regearings en militêre diktatueren elkoar ôfwiksele. Mei de ynfiering fan de grûnwet yn 1982 wurde de leden fan it parlemint foar fjouwer jier keazen.

Thumb
De katedraal fan Tegusigalpa

Demografy

Befolking

De befolkingsgrutte fan Hondoeras is net hielendal wis. Gegevens rinne útien tusken de 5 miljoen oant 7 miljoen. Yn it lân kinne fjouwer entyske kloften ûnderskieden wurde.

Ladino’s

Ladino’s binne ôfstammelingen fan de Spanjerts. Yn Hondoeras wenne sawat gjin “suvere” Spanjerts, om't yn it ferline in mânsk fermingen plak fûn hat tusken Spanjerts en yndiaanske befolkingskloften. De taal fan de Ladino’s is de taal fan Honduras: Spaansk.

Yndígena’s

Yndianen wenje benammen yn La Mosquitia, in min tagonklike regio yn it swettegebiet mei Nikaragua. De grutste kloft binne de Miskito yndianen. Sy wenje oan de kust yn doarpkes fan lytske houten húskes op peallen. Har wichtichste fiedselboarne bestiet dan ek út fisken. De Miskito yndianen ferlitten har wengebieten komselden. Yn La Mosquitia libje ek de Pech-yndianen. Dat folk wennet mear yn it binnenlân by de rivieren lâns en harren tradisjoneel boude wenten bestean út in ferhege flier en tek fan bamboe, mei soms ien of twa skutten tsjin de wyn.

De Lenka’s wienen ynearsten it grutste yndianenfolk yn Hondoeras. Sy binne foar it grutste part opnomd yn de Ladino’s, mar yn it binnenlân binne doarpen dêr't de bewenners fan klaimen dat sy ôfstammelingen binne fan de eardere Lenka’s zijn. Ek de Mayas hawwe har hiel bot fermongen mei de oare befolkingskloften. Lykwols wenje yn de omjouwing fan Copán noch hieltyd ôfstammelingen fan dat folk, dy't yn distiid Korty yndianen neamd wurde. Har taal en kultuer is dy fan de Ladino’s. Yn Gûatemala bestean noch wol delsettings fan Korty yndianen dêr't har taal kultuer bewarre bleaun binne.

Oare yndianenfolken yn Hondoeras binne de Payas en de fan oarsprong nomadyske Hisakwes.

Garífunas

De Garifunas binne in folk dat by de hiele noardkust lâns fan Hondoeras wennet. It binne ôfstammelingen fan negerslaven dy't fan Afrika wei nei Amearika helle waarden. De taal fan de Garifunas is it Garifuna, in mingtaal fan Afrikaanske talen, Spaansj en Ingelsk. Garifunas wenje tradisjoneel yn hutten fan palmbledden op it strân, dêr't sy fan de fiskfangst libje. Tsjintwurdich hawwe de Garifunas har ek stadichoan yn de stêden fêstige, benammen yn San Pedro Sula en La Seiba.

Eilanners

Op de trije Baai Eilannen Utila, Roatán en Guanaja wenje neikommelingen fan de Ingelsken, dy't har dêr festige hawwe doe de eilannen noch Ingelsk besit wienen. Ekonomysk sjoen giet it dizze befolkingskloft better ôf as de oar Hondureenske befolking. Dat ferskil is te ferklearren út it feit dat sy Ingelsk sprekke en dêrtroch in foarsprong hawwe mei it fine fan wurk op ynternasjonale frachtskippen en yn it bûtenlân.

It toerisme is tsjintwurdich ek in wichtige boarne fan ynkomsten op de Baai Eilannen. Tradisjoneel wurdt der op de eilannen libbe fan (harpoen-)fiskerij.

Religy

De grutste godstsjinst yn Hondoeras is it Katolike leauwen 47% folge troch it Protestantisme mei 36% en 17% oars.

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads