It paradys hat yn de folksmûle de betsjutting 'it plak dêr't libben hearlik is', oftewol in oarde mei in waarm klimaat, moaie fegetaasje, oerfloed,... Nei't wy witte waard it wurd foar it earst brûkt troch de Easterske histoarikus Ksenoponus, dy't dêrmei de prachtige parken beskreau fan de Perzyske keningen en foarsten. It âld-Perzyske wurd foar paradys is paridæza, dat yn it Gryksk oerset is as Peri (der omhinne) teichos (in muorre).

Thumb
It paradys troch Jan Brueghel de Alde

It begrip paradys yn de religy

Neffens it bibelboek Genesis wie it Paradys it plak dêr't de 'libbensbeam' stie en dêr't de earste minsken Adam en Eva oarspronklik libben. It krislik-joadske paradys wurdt ek wol de Hôf fan Eden neamd.

Yn it kristendom, de Islam en it Joadendom hat it wurd paradys in wiid omfiemjende betsjutting. Yn al dizze godstsjinsten is it paradys it plak dêr't de siel fan in minsk hinne giet nei syn dea. De kristenen brûke it ek wol as in oar wurd foar Himel.

Inki en Ninti

It ferhaal fan Inki en Ninti is in Sumearysk ferhaal oer Inki, dy't in hiele moaie tún hie; mar op in stuit waard hy bot siik fan in frucht út syn tún en Inki frege oan God oft er him wol in frommes stjoere woe om him better te meitsjen. God stjoerde him in frou, Ninti, ek wol Ninharsag neamd, wat eat as 'ribfrou' betsjut yn it Sumearysk. Dêrom wurdt ek wol tocht dat it Bibelferhaal oer Adam en Eva basearre is op it ferhaal oer Inki en Ninti.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.