Hindrik fan Brederode (1531-1568)
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hindrik fan Brederode, bynamme Grutte Geus of Hindrik II fan Brederode (Brussel, 20 desimber 1531 - Recklinghausen, 15 febrewaris 1568) wie in Nederlânsk ealman (ûnder de Habsburgers) yn de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch.
Hendrik fan Brederode, hear fan Brederode, Vianen en boarchgreve fan Utert, wie de âldste soan fan Reinoud III fan Brederode en Philippote fan der Marck. Hy bekearde him ta de reformaasje en keas de side fan Willem fan Oranje en de greve fan Egmont yn harren ferset tsjin de Spaanske Inkwisysje en it Spaanske despotisme. Yn 1557 boaske er mei Amelia fan Nieuwenaar-Alpen yn Vianen. Sy krigen gjin bern.
Hy waard yn 1565 lid fan it Ferbûn fan de Eallju en bea op 5 april 1566 it earste Smeekskrift oan Margareta fan Parma oan. Fan Brederode rop yn Sint-Truiden de gearkomst (14 july 1566) en behearde ta it Kompromis fan Breda (1567).
Hy organisearre troepen yn Antwerpen, brocht in part dêrfan mei it skip nei Vianen, wylst syn kommandant Bombergen De Bosk ferovere. Hindrik besocht fergees om Utert en Amsterdam yn te nimmen, mar it fan him byïnoar brocht legerke by Antwerpen, laat fan Jan fan Marnix waard op 13 maart 1567 yn de slach by Oosterweel fan generaal Beauvoir ferslein wylst de steun fan de Antwerpske kalvinisten troch Willem fan Oranje persoanlik opkeard waard.
Brederode waard maart fan dat jier ta kaptein-generaal fan Amsterdam beneamd. Tegearre mei syn freon en adjudant Lenaert Jansz de Graeff, krige Brederode yn april fan de Spaanske fjildhear Filips fan Noircarmes dien.
Doe't nei de delfal fan Valencijn it ferset yninoar skromfele, ferlieten syn troepen Vianen en giene nei Dútslân. Nei't Hendrik fan Brederode fergees besocht hie wer by Margareta fan Parma yn de geunst te kommen, wykte er sels op 27 april 1567 út nei Emden.
Op 28 maaie 1568 waar er fan de Ried fan Beroerten by ôfwêzichheid feroardiele, mar hy wie doe al op 15 febrewaris 1568 yn ballingskip op kastiel Horneburg ûnder Recklinghausen ferstoarn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.