Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hindrik Gosses de Jong (De Tynje, 15 augustus 1932 - Soest, 24 novimber 2011) wie ûnderwizer, wiskundelearaar en -didaktikus, saakkundige op it mêd fan it ûnderwiis en de fernijing dêrfan, publisist dêroer en skriuwer oer pleatslike skiednis, benammen oer De Tynje.
Hy is berne oan de Rôlbrêgedyk en is de âldste fan Gosse de Jong en Jeltsje Dam. Hindrik hat fan 1955 oant 1971 troud west mei Jinke, de twadde dochter fan Jentsje Akkerman fan De Ulesprong. Sy krigen fiif bern: Gosse Hendrik, Jente Jan, Peter Jitse, Hilde Geeske Jinke en Frouke Wytske. Sûnt 1980 oant syn dea wie er boaske oan Adeleid Janssen, in Achterhoekse boeredochter út Baak, besuden Sutfen.
Foar wa't der by kin hat De Jong op SchoolBank.nl wat skreaun oer alle skoallen dêr't er as learling of as learaar op sitten hat; ek oer de kristlike skoalle fan De Tynje. Dêr hat Hindrik net allinne oant 1944 ta learling west, mar as begjinnend skoalmaster is er yn 1951 wolris ynfallen foar master Algra en boppemaster Vlasma. Oant er yn militêre tsjinst moast, joech er in pear moannen lang, op it sportfjild, ek de gymnastyklessen oan harren klassen.
Hy swaaide ôf as reserve-offisier. Fan 1953 oant 1955 wie De Jong skoalmaster yn St. Jansklooster en op De Pein by Drachten. Yn de fiif jier dat er mulo-learaar wie yn Oud-Beijerland, helle hy alle wiskunde-akten en ferhûze doe mei de hûshâlding nei Saandam. Dêr wie er tsien jier learaar oan de kristlike HBS (mei û.o. Joop Volkers en keunstemakkers as Freek de Jonge en Jan van Kouwenhoven yn 'e klasse) en oan it Pascal College dat dêr yn 1968 mei de mammoetwet út foartkaam. Yntiids joech er les yn Alkmaar op de Learareoplieding foar it t.b.o. (technysk beropsûnderwiis) en kursussen yn Amsterdam foar mulo-leararen yn de nij ynfierde moderne wiskunde.
Yn 1970 waard Hindrik de Jong meiwurker fan it CPS (Kristlik Pedagogysk Stúdzjesintrum) en hie dêr oant 1989 ta in soad omhannen mei it ûntwerp en bestek, de advysearring, it organisearjen en it lieden fan ûnderwiisprojekten en de middenskoalestêf fan it CPS. Yn dy ferskate funksjes, ek as foarsitter fan de CLEP (Koördinaasjegroep Lânlik Ekspearimentear-Plan Middenskoalle) en as lid fan de ICM (Ynnovaasje Kommisje Middenskoalle) hie er geregeldwei kontakt mei foaroprinnende skoallen foar fuortset ûnderwiis yn binnen- en bûtenlân. Ek yn Fryslân, benammen mei dy fan Frjentsjer (Anna Maria van Schurman), Sint Anne (Ulbe van Houten), De Gordyk (Boargemaster Harmsma) en Drachten (Frijmakke Grifformearde skoalle).
Fan ien sa'n aparte skoalle, de Werkplaats Kindergemeenschap (WP) yn Bilthoven, ek faak de Kees Boeke-skoalle neamd, hat er 12½ jier begelieder, organisaasje-adviseur en bestjoerslid west. Like lang wie er lid fan de Bestjoersrie en it Kollege fan Bestjoer fan de SLO (Stifting foar de Learplanûntwikling yn Nederlân). Oare bestjoerfunksjes hie er bygelyks yn de KAZ (Tsjerkerie Algemiene Saken) van de Grifformearde tsjerke yn Saandam en as foarsitter fan de Skoallebegeliedingstsjinst Eemland.
Yn 1966 skreau De Jong in 'Gravamen' (kleiskrift) dat úteinlik troch de klassis Saandam oanbean waard oan de grifformearde synoade en dat fuort meiholp oan de rehabilitaasje fan dûmny's as dr J.J. Buskes en prof. dr E.L. Smelik, dy't troch de affêre Geelkerken yn 1926 út de grifformearde tsjerken rekke wienen. De lêste stjoerde him in betankje ta.
Meast ûnder de auteursnamme 'H.G. de Jong' hat er hiel wat artikels en bydragen oan boeken skreaun. De Jong publisearre kollums, artikels en kommintaren yn de ûnderwiis- en dei- of wykblêdparse, û.o. yn deiblêd Trouw. Bytiden wienen it werjeftes fan in ynlieding of tapraak. Op 26 maart 1981 waard yn de nagelnije Gordykster skoalle de ôfdieling Fryslân van de Middenskoalleferiening oprjochte. De Jong syn rede fan doe –heal yn it Frysk, heal yn it Hollânsk- waard fjouwer dagen letter printe yn 'De Pompeblêden'. It Frysk Deiblêd hie de oare deis al wat earmoede oer syn idee en jou de ‘finen’ ek in sechje yn in minder iepenbier optúgd skoalbestjoer. Fan de 'oare' kant gjin inkelde asem.
De titel fan it ferhaal wie ‘Ek al emansipearre?’ (De ûndertitel ‘Grutsk op jinsels en wiis mei in oar’ hie de redaksje fan De Pompeblêden weilitten). Yn it artikel stie in foto út ± 1910 fan Lolke Akkerman út de Warren, mei de hûshâlding. De kreaze mar beskieden turfmakkerswente op de eftergrûn, en lykwols Lolke en de soannen Jan en Jentsje alle trije mei in fioele op it portret. Emansipearre folk fan De Tynje, hûndert jier lyn al.
Op Wikipedy hie Hindrik it alias Fyntyn. Dat betsjut: fyn en fan de tynje. De bydragen hawwe hast allegearre mei De Tynje te krijen, benammen mei (de iuwenâlde skiednis fan) de nammen fan it doarp sels en dy fan guon wegen en wetters yn de omkriten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.