From Wikipedia, the free encyclopedia
Hildebranda (Hilda) Kanselaar-de Vries (Snits, 1950) is in Nederlânskske byldhouwer en skilder fan Frysk komôf.[1]
Kanselaar is in dochter fan de skilder Sjoerd de Vries (1909-1996), har mem wie huoddemakster. Se waard oplaat oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert, ôfdieling Monumintale Foarmjouwing.[2] Yn 1988 studearre se ôf oan de learare-oplieding handvaardigheid en tekenjen; dêrnei waard se learares yn it fuortset ûnderwiis.[3] Kanselaar is aktyf as monumintaal keunstnares.
Kanselaar foarme goed tsien jier in keunstnersduo mei Rijna Makkinga (1961). Tegearre makken se ûnder oaren de wurken Pilaren en De tol (1998) foar de gemeente Dongeradiel, as part fan in stedsfernijingsprojekt yn Dokkum, dêr't fia keunstwurken de skiednis fan de stêd sjen litten wurdt. Oare meidoggers oan dat projekt wiene it duo Groenewoud/Buij en Gerrit Terpstra.[4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.