From Wikipedia, the free encyclopedia
Hero Oomkens fan Esens (om 1455 - 1522) wie in East-Frysk ealman, hear fan Harlingerlân, in titel dy't er by de dea syn heit Sibet Attena fan Esens yn 1473 erve.
Hy wurdt meast oantsjut mei Hero Oomkens "de Jongere" om betizing mei syn pake fan memmekant, Hero Oomkens de Aldere, foar te kommen. Hero Oomkens von Esens komt yn teksten út syn tiid ûnder tal fan nammefarianten foar: Hero, Here, Heer, Her; Omken, Omcken, Oemkens, Omkens, ensafuorthinne. Meidat er ek hear fan oare plakken en kriten wie, wurdt der ek, neist von, zu Esens, von Wittmund, von Harlingerland, von Stedesdorf, ensafh. oan syn namme taheakke. De famylje Oomkens wie festige yn East-Fryslân (no part fan Nedersaksen yn Dútslân) en yn it doe Fryske Oldambt (no part fan de Nederlânske provinsje Grinslân). De family liet har foarstean op in streekrjochte ôfstamming fan kening Redbad.
Hero Oomkens fan Esens' houlik mei Armgard grevinne fan Oldenburg yn 1489 die sines ta it fersterkjen fan de alliânsje fan de âlde Fryske aristokrasy mei de greven fan Oldenburg yn harren striid tsjin de famylje Cirksena dy't doe yn opkomst wie.
Hero Oomkens fan Esens hie fiif soannen, Balthasar, Melchior, Caspar, Johann en Sibo, en twa dochters, Onna (of Anna) dy't mei Otto III fan Rietberg troude, en Adelaide, dy't boaske oan har fiere neef Eppo Hayo Heres Oomkens fan Ommeland, fan it Oldambt yn Grinslân. Baltasar Oomkens fan Esens folge syn heit op nei syn dea yn 1522. Sibo en Caspar gienen it leger fan harren neef, de Kening fan Denemark, yn stoaren op it slachfjild Caspar stoar by de bestoarming fan Königsberg yn 1521.
Hero Oomkens fan Esens syn wapenskyld hie twa krúste toernoailânsen, dy't opnaam binne yn it wapen fan de stêd Wittmund en ek yn it wapen fan Eastfryslân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.