Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dr. Henricus Popta (Ljouwert, 3 maaie 1635 - dêre, 7 novimber 1712) wie in abbekaat de Frysk deputearre.
Hy wie in soan fan Tjebbe Jacobs Popta en Walcke Hendrix Hanenburg, promovearre oan de Universiteit fan Frjentsjer op 15 septimber 1659 en waard datselde jier noch ynskreaun as abbekaat foar it Hof fan Fryslân. 20 maart 1659 waard hy troch Deputearre Steaten fan Fryslân oansteld ta skriuwer fan in kompanjy Switsers, ynstee fan syn heit, oan wa't dat amt om skulden ûntnaam waard. Hy waard troch syn grutte praktyk in ryk man.
Yn 1687 kocht er, nei it ferstjerren fan jonkfrou Anna fan Eysinga, Heringastate yn Marsum oan. By dat slot stifte hy it ‘Popta-Gasthûs’, in hofke foar âlde froulju, dat 26 wenningen hie en nei syn dea, op 13 maaie 1713, iepene waard.
Syn portret kaam yn it Poptagasthûs yn Marsum te hingjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.