Hellefuotslûs of Hellefuotslús (Nederlânsk en offisjeel: Hellevoetsluis) is in plak en eardere gemeente op Foarne-Putten, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De eardere gemeente hat 40.403 ynwenners (1 jannewaris 2018) it wie doe groeid troch de tafoeging fan Oudenhoorn. [1]) en hat in oerflak fan 46,14 km² (dêrfan is 14,6 km² wetter). Eardere gemeenten binnen Hellefuotslûs binne ûnder oare Nieuw-Helvoet en Nieuwenhoorn. De eardere gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkinsgferbân Stedsregio Rotterdam en de Metropoalregio Rotterdam De Haach.

Thumb
Topografyske gemeentekaart fan Hellefuotslûs, per 1-1-2018, ynkl. Oudenhoorn

Sûnt 2023 is Hellefuotslûs part fan de nije gemeente Foarne oan See.

Etymology

De Helle, dat Romeinen koene as "Helius" of "Helinium", in beneaming dy’t oant yn de midsiuwen brûkt waard foar it hjoeddeiske Haringvliet en de Maas. De namme Hel(le)voet, of "(lân by) it leechste punt fan it Helius", komt dêrnei foar it earst foar yn dokuminten út de 13e iuw, as Oud-Hellevoet, de Hellevoetse Werfhoek, Nieuw Hellevoeterland en yn 1395 at de polder Nieuw-Helvoet ta bediking útjûn wurdt. Dy polder hie in útwetteringsslûs yn de Súddyk: de 'Hellefoetske slûs'.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.