From Wikipedia, the free encyclopedia
Heinrich Christian Schnoor (Lübeck, ± 1760 - Breslau, nei 1828) wie in Dútsk komponist fan lieten. De meldij fan it Frysk folksliet "De Alde Friezen" is ûntliend oan Vom hoh'n Olymp fan Schnoor út 1790.
De gegevens fan Heinrich Christian Schnoor syn libben binne net wis. De Allgemeine Deutsche Biographie fernijt syn bertedatum yn 1760, wylst syn bekende data fan ynskriuwing as studint yn de rjochten oan Dútske universiteiten suggerearje dat er om 1766 hinne berne waard. Hy wie in soan fan de distriktsbestjoerder yn Rethwisch (Stormarn), Kammerrat Jakob Schnoor. Al yn 1790, yn syn stúdzjetiid oan de Friedrich Universiteit yn Halle, soe er in "âld-studint" west hawwe. Tsjin de eftergrûn fan syn earste ynskriuwing oan de Christian Albrechts Universiteit te Kiel op 28 oktober 1782, is dat in begryplike ferklearring.
Nei syn stúdzjes yn Kiel soe er, foardat er nei Halle ta kaam, de Universiteit fan Göttingen en de Universiteit fan Jena besocht hawwe. Nei syn ferbliuw yn Erlangen skreau er him op 9 maaie 1793 yn oan de Universiteit fan Leipzig.
Hy beëinige syn stúdzjes nei alle wierskyn sûnder diploma en wie ynearsten in pear moanne sekretaris fan in Prins fan Saksen-Coburg. Fan 1796 ôf wenne er yn Hamburch en letter yn it oanbuorjende Altona. Op 20 desimber 1802 boaske er yn Lübeck-Genin oan Johanna Caroline Schmidt, doe sikretaresse, de dochter fan in prusyske rekkenmaster út Prignitz yn Brandenburch.
Dêrnei krige er in baan by in keapman yn Greetsiel yn East-Fryslân. Fan Greetsiel ôf is syn spoar as swalker ynearsten ferlern. It iennige dat bekend is, is dat de Hamburchske plysje op syk wie nei de fermiste Schnoor om him in dokumint út Rostock stjoere te kinnen. Yn oktober 1828 kaam er as ferearme dichter út Frankryk werom nei Hamburch en frege âld-stúdzjegenoaten út syn tiid yn Halle om it nedige jild om syn tocht nei Breslau fuortsette te kinnen, dêr 't er in betrekking as taallearaar besette woe.
Eduard Maria Oettinger (sjoernalist en skriuwer) berjochte yn syn Moniteur des Dates oer it ferstjerren fan Schnoor yn Breslau, sûnder de datum fan ferstjerren te neamen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.