Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hein van Nievelt (Batavia, 2 july 1942 – 5 novimber 2022) wie in Nederlânsk omropper, presintator, redakteur en regisseur, dy 't wurksum wie fan 1969 oant 1999. Njonken omropper foar de TROS presintearre er ûnder mear de programma's Kieskeurig, TROS Aktua en Voetbal plus.
Hein van Nievelt | ||
Hein van Nievelt yn 1983 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 july 1942 | |
berteplak | Batavia | |
stoarn | 5 novimber 2022 | |
wurkpaad | ||
aktyf as | omropper, presintator, redakteur en regisseur | |
jierren aktyf | 1969-1999 | |
reden bekendheid | Kieskeurig, TROS Aktua |
Van Nievelt waard yn in jappekamp yn earder Nederlânsk-Ynje berne, mar nei de oarloch ferhuze er mei syn âlden nei Voorburg yn Nederlân. Nei syn skoaltiid wurke er earst trije jier foar in reisburo. Dêrnei kaam er yn tsjinst by de Wrâldomrop. Nei 3,5 jier woe er wat oars en sollisitearre er by de TROS. Dêr wiene op dat stuit gjin fakatueres, mar doe 't in healjier letter beide omropsters yn ferwachting wiene, koe er dochs noch as omropper oan de slach, wat er sân jier bleau.
Dêrnei wie Van Nievelt in oantal jierren wurksum by it aktualiteiteprogramma TROS Aktua en hy einige syn telefyzjekarriêre by it konsuminteprogramma Kieskeurig. Doe 't dat programma yn 1993 ferdwûn, wie er noch in pear jier wurksum efter de skermen, mar yn 1999 hold er op mei syn telefyzjewurk.
Op 5 novimber 2022 ferstoar Van Nievelt yn de âldens fan 80 jier.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.