Havelberg is in hânzestêd yn de lânkring Stendal yn de Dútske dielsteat Saksen-Anhalt.

Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Havelberg
Thumb De stêd yn de lânkring Stendal
FlaggeWapen
Thumb Thumb
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Saksen-Anhalt
Lânkring Stendal
Sifers
Ynwennertal6.436 (31.12.2020)
Oerflak149,12 km²
Befolkingstichtens43 / km²
Hichte26 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten52° 49´N 12° 4´E
Websidewww.havelberg.de
Slute

Skiednis

Thumb
Domtsjerke fan Havelberg

Havelberg leit oan de rivier de Havel, likernôch 14 kilometer boppe it plak dêr't de Havel yn 'e Elbe útmûnet. Kening Otto I liet op de domberch in bisdom stiftsje mei missysintrum om de Westslaven te kristenjen. De Wenden wisten yn 983 by in grutte opstân it bisdom lykwols werom te feroverjen en de Dútske foarsten waarden oer de Elbe weromdreaun. Nei 150 jier slagge it kening Lotharius III yn 1130 de Havelberg wer yn te nimmen. De soannen fan de Slavenfoarst Wirikind wisten seis jier letter noch ienris Havelberg foar in lyts skofke werom te feroverjen, foardat Albrecht de Bear it plak definityf by it ryk foege.

Havelberg krige yn it jier 1151 it stedsrjocht. Al sûnt de stifting fan de Hânze hearde Havelberg by it bûn.

De seeskipswerf brocht de stêd yn 1688 nije ekonomyske ympulzen. De bou fan seeskippen brocht de stêd oer de lânsgrinzen hinne grutte faam.

Yn 1716 troffen de Russyske tsaar Peter de Grutte en de Prusyske kening Freark Willem I inoar yn Havelberg. Hja wikselen inoar geskinken út en Prusen joech de barnstienkeamer (yn Tsarskoje Selo), wylst Ruslân soldaten levere foar it Prusyske reuzenrezjimint de Lange Kerls (de lange keardels fanwegen harren ûngewoane lingte).

Geografy

De stêd leit yn it uterste noardeasten fan de dielsteat Saksen-Anhalt oan de Havel. Yn it noarden en easten grinzget Havelberg oan de trije lânkringen Prignitz, Ostprignitz-Ruppin en Havelland.

Stedsyndieling

  • Damerow
  • Garz
  • Havelberg
  • Jederitz
  • Kuhlhausen
  • Kümmernitz
  • Müggenbusch
  • Nitzow
  • Toppel
  • Vehlgast
  • Waldfrieden
  • Warnau
  • Wöplitz

It besjen wurdich

  • Domtsjerke fan Havelberg (1279-1330)
  • Sint-Annakapel (15e iuw)
  • Sint-Laurentiustsjerke (15e iuw)
  • Kapel Sint-Spiritushospitaal (1400)
  • Riedshûs

Musea

  • Prignitz-Museum

Eveneminten

  • Yn it earste wykein fan septimber wurdt alle jierren yn Havelberg de tradisjonele hynstemerk holden.

Ofbylden

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.