Frysk berneboek- en romanskriuwster (1919-2022) From Wikipedia, the free encyclopedia
Heabeltsje Heeringa-Seepma (Ternaard, 29 juny 1919 - Feanwâlden, 6 febrewaris 2022), wie in Frysk berneboek- en romanskriuwster.
Heabeltsje Seepma waard berne en grutbrocht op in pleats yn Ternaard. As bern mocht se graach lêze en opstellen skriuwe koe se goed. Nei har trouwen sette se har nei wenjen yn Eastrum. Se fertelde ferhalen oan har bern en skreau gedichtsjes en gelegenheidswurk. Se folge in skriftlike kursus ferhalen skriuwen en gie op Fryske les. Dat stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad.
Se debutearre mei it berneboek Sa’n koartkop (1960, KFFB). Se die mei oan de jierlikse priisfraach fan de KFFB en wûn ferskate prizen. Skriuwe soe in fêst ûnderdiel fan har libben wurde. Nei de boeken foar jongere bern skreau se in boek dat bedoeld wie foar opgroeiende fammen, Martsje lit it net sitte (1965) en sa ûntstie de Martsje-rige. Njonken de ‘Martsje’- boeken skreau frou Heeringa-Seepma romans, in ferhalebondel ûnder de titel It griene huodsje (1988), in bondel ferhalen foar de jongerein, noch in pear berneboeken, krystferhalen en in pear fersebondels. Alles meiïnoar brocht se sa'n tritich titels op har namme.
It grutste part fan har boeken kaam út by de KFFB.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.