From Wikipedia, the free encyclopedia
Hüsem (Dútsk: Husum) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Hüsem wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2020 23.249.
Hüsem Husum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein. | |
Kreis | Noard-Fryslân | |
Boargemaster | Rainer Maaß (SPD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 23.249 (2020) | |
Oerflak | 25,82 km² | |
Befolkingsticht. | 900 / km² | |
Hichte | 14 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.husum.org – Webside fan de stêd Husum |
De namme Hüsem wurdt yn 1409 foar de earste kear brûkt.
De âldste stedskronyk giet werom nei it jier 1252. De Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren mar de Friezen wegeren dat. Abel besleat om de Friezen oan te pakken, en stoar yn de striid by Husembro (Hüsembrêge).
Lykas de measte plakken oan de Noardsee, is Hüsem en omkriten ek tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grote Mandrenke[1], strûpte de stêd ûnder en ûntstie der in ynholte. Dêrfoar lei Hüsem net oan de kust. De stêd die syn foardiel dêrmei en waard in merkplak dat ta in grutte ekonomyske opgong late.
Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Hüsem bot en waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Hüsem) and Wester-Husum (West-Hüsem).
Yn 1940 waarden ferskate ûnderdielen fan de kriichsmacht fan nazy-Dútslân yn en om Hüsem legere; der wie ûnder oare in militêr fleanfjild (in Fliegerhorst), in kazerne fan de Kriegsmarine en in offisiersoplieding (Kriegsschule).
It 5 km noardeastlik fan de stêd lizzend kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing), yn de gemeente Schwesing, wie fan septimber oant ein desimber 1944 in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme. De finzenen moasten ûnder tige swiere omstannichheden en faak slein troch sadistyske kampbewakers yn taaie klaaigrûn allinne mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de "Friesengraben", oanlizze. [2] Doe 't ein 1944 dizze tankgrêft militêr-strategysk nutteleas bliken dien hie, waard it Aussenlager sletten en waarden de finzenen werombrocht nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne nei skatting 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (' Haus der Gegenwart ' ). Yn maaie 1945 waard de kazerne oan de Britske besettingstroepen oerdroegen.
Hüsem leit oan de Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.
De wichtichste stedsdielen fan Hüsem binne:
|
|
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.