From Wikipedia, the free encyclopedia
De Groate Kerk (offisjele Biltske namme; Frysk: Grutte Tsjerke; Nederlânsk: Grote Kerk) is in ferneamd tsjerkegebou yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân. De tsjerke stiet yn Sint-Jabik, op It Bilt, yn 'e gemeente De Waadhoeke. De tsjerke is in ryksmonumint en is sûnt 1979 yn eigendom fan 'e Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Groate Kerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Sint-Jabik | |
koördinaten | 53°16′23″ N 5°36′12″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1844 | |
arsjitekt | Thomas Adrianus Romein | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 9511 | |
offisjele webside | ||
www.groatekerk.nl |
De Groate Kerk is in tsjerke út 1844, dy't yn 'e neoklassisistyske styl boud is nei in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Adrianus Romein. It gebou ferfong in eardere tsjerke út 'e begjintiid fan It Bilt, dy't datearre út 'e sechstjinde iuw. De Groate Kerk is in sealtsjerke mei in Doaryske pylderportyk mei in fronton. De klokketoer mei fjouwerkante ûnderbou hat in reade lantearne mei acht pylders. It oargel, dat ek út 1844 is, waard makke troch oargelmakkerij L. van Dam en Zn. Foarhinne wie de tsjerke wytkalke, mar yn 2010 krige er in giele kleur.
Yn 'e Groate Kerk is in ynformaasjesintrum fêstige oer it Jabikspaad, in kuierrûte fan 150 km fan Sint-Jabik nei Hasselt (Oerisel). Oare kant it plein, foar it tsjerkegebou oer, stiet in skulptuer fan keunstner Henk Rusman, dat it begjin fan 'e pylgerrûte nei it Spaanske Santiago de Compostella oanjout. (Sawol Sint-Jabik as Santiago de Compostella is ferneamd nei de apostel Jakobus.)
Oan 'e westkant fan 'e Groate Kerk stiet op it tsjerketerrein it troch Vreni Wagner makke Biltske fersetsmonumint "Ôns Frijheid Ontstaan út Ôfbroken Levens". Oan 'e oare kant fan it gebou, de eastside, befynt him ek op tsjerkegrûn it troch Marco Goldebeld makke drinkelingemonumint.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.