Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Griente (útspr.: [ˈɡri̭əntə], "grien-tuh" of [ˈɡrjɪntə], "grjin-tuh") is de oantsjutting foar dielen fan ytbere planten dy't troch minsken iten wurde. Sokke dielen kinne de blommen, fruchten, stâle, blêden, woartels of it sied fan in plant wêze.
Wat griente is en wat net, is frij dizenich en foar in grut part kultureel bepaald. Gruttere, soppige fruchten wurde ornaris ûnder de beneaming fruit los fan griente sjoen, hoewol't "griente en fruit" faak wol op ien sike neamd wurde. Ek lytsere, hurde fruchten, oftewol nuten, wurde yn 'e regel net ta griente rekkene. Fierders wurdt de jirpel oer it algemien net sjoen as in griente, hoewol't dêr gjin stekhâldende reden foar is. Oan 'e oare kant wurde tomaten en komkommers, dy't eins mear gemien hawwe mei fruit, oer it generaal wól as grienten sjoen, en yn 'e itensiederij wurde ek ytbere poddestuollen, lykas sjampynjons, foar grienten oanmurken.
Fan oarsprong wiene grienten wylde planten, dy't sammele waarden troch jager-sammelderkultueren fan oer de hiele wrâld. Tsjintwurdich binne se foar it meastepart kultuergewaaksen, dy't troch de minske oanplante en ferboud wurde yn 'e túnbou, in aparte sektor fan 'e bredere lânbou. De measte hjoeddeistige grienten waarden foar it earst tusken 10.000 en 7.000 f.Kr. troch de minske kultivearre. Trochkweking hat derfoar soarge dat grienten foarkomme yn in soad ferskillende kleuren dy't faak net natuerlik binne.
In protte grienten binne pas ytber nei't se sean binne, mar guon kinne sûnder tarieding iten wurde as raukost. Grienten binne mar in beheinde perioade hâldber nei't se rispe binne, om't úteinlik bedjer ynset, wat derfoar soarget dat se net mear ytber binne. De yntroduksje fan moderne apparatuer, lykas de kuolkast, hat makke dat grienten langer bewarre wurde kinne, mei't lege temperatueren it bedjerproses ôfremje. In protte grienten kinne it bêst om it friespunt hinne bewarre wurde, mar dat jildt net foar alle grienten en guon bliuwe sels it langst goed by in temperatuer fan 18 °C (auberzjines).
Foarbylden fan grienten binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.