From Wikipedia, the free encyclopedia
Frederick Law Olmsted (Hartford (Konettikut), 25 april 1822 - Belmont (Massachusetts), 28 augustus 1903) wie in Amerikaanske lânskipsûntwerper, dy't beskôge wurdt as de grûnlizzer fan de lânskipsarsjitektuer yn Amearika.
Hy wie in soan fan de begoedige keapman John Olmsted, gie nei de Phillips Academy yn Massachusetts oant 1838, mar moast syn stúdzje oan de Yale University opjaan fanwege in fergiftiging troch poison-sumac dêr't syn sûnens swier ûnder te lijen hie. Hy wie seeman, sjoernalist en keapman ear't er him yn 1848 deljoech oan de súdkust fan Staten Island, op de grutte pleats Akerly Homestead.
Yn 1850 reizge er nei Ingelân en sjocht dêr it wurk fan lânskipsarsjitekt Joseph Paxtons, dy't er yn Walks and Talks of an American Farmer in England beskreaun hat. Dat smiet nije opdrachten op. Sa gie er yn 1852–57 fanwege de doe krekt oprjochte krante New York Daily Times nei it suden fan de Feriene Steaten en beskreau de slavernij dêre. Werom yn New York ûntwerpt er yn de mande mei Calvert Vaux it plan út foar it Central Park, dat syn namme klank joech en it begjin betsjutte fan syn karriêre as lânskipsarsjitekt.
Olmsted waard ferneamd troch it ûntwerpen fan in tal stedsparken yn Noard-Amearika, sa as Central Park en Prospect Park yn New York City, de Niagara Reservation yn Niagara Falls (New York), it Mount Royal Park in Montréal, en de Emerald Necklace rûnom it sintrum fan Boston. Teffens wienen de tunen om it Kapitoal yn Washington D.C. fan syn hân. Tusken 1857 en 1895 ûntwurpen Olmsted en syn learlingen ek de tunen en parken fan 355 skoallen en kolleezjes.
Syn soan Frederick Law Olmsted, Jr. slagge ek tige as lânskipsarsjitekt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.