Frank North (sporttrainer)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Frank North (Sweetwater (Tennessee), 27 desimber 1924Alpharetta (Georgia), 19 desimber 2017) is in Amerikaansk sporttrainer.

Fluch de feiten
Frank North
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrank North
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum27 desimber 1924
berteplakSweetwater (Tennessee)
stjerdatum19 desimber 2017
stjerplakAlpharetta (Georgia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
sportive ynformaasje
sportAmerikaansk fuotbal
debút1961
karriêre-ein1984
Slute

Hy waard yn 1961 oansteld as trainer fan it Amerikaansk fuotbaltiim fan it Marion Militêr Ynstitút yn Marion, dêr't er in steat fan tsjinst opboude mei 85 oerwinnings en 65 ferliezen. Yn desimber 1978 naam er ûntslach by Marion om in nije haadtrainersposysje oan te nimmen oan 'e Livingston Universiteit yn Livingston, dat no de Universiteit fan West-Alabama is. Oant syn pinsjonearring, yn 1984, doe't er sechstich jier wie, wûn er mei Livingston 31 kear en ferlear er 29 kear.

North kaam yn 2017 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan krapoan 93 jier.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.