Walloanje (Frânsk: Wallonie) is it súdlike lânsdiel fan Belgje dêr't benammen Frânsk (en in bytsje Dútsk yn de provinsje Luik - de Dútsktalige Mienskip) sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it noardlike part Flaanderen Nederlânsk is. De offisjele namme is it Waalsk Gewest (Frânsk: Région wallonne) en de ynwenners wurde Walen neamd. De Frânske Mienskip soarget foar taalkundige saken en omklammet ek de Frânsktaligen yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest. Yn Walloanje binne it Waalsk Gewest en de Frânske Mienskip net gearfoege.[1] De haadstêd fan Walloanje is Namen (Namur), de haadstêd van de Frânske Mienskip is Brussel (Bruxelles).

Dit artikel is in stobbe oer provinsje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Thumb
Walloanje
Thumb
Belgje - Walloanje (blau)
Thumb
Waalske provinsjes

It Waalsk Gewest hat neistenby 3.682.000 ynwenners (2023) [2] op in oerflak fan neistenby 16.901 km².[3]

Walloanje omklammet de provinsjes:

  1. Waalsk-Brabân (Brabant wallon) - haadstêd Waver (Wavre)
  2. Henegouwen (Hainaut) - haadstêd Bergen (Mons)
  3. Luik (Liège/Lüttich) - haadstêd Luik (Liège)
  4. Lúksemboarch (Luxembourg) - haadstêd Aarlen (Arlon)
  5. Namen (Namur) - haadstêd Namen (Namur)

Lânskip

Yn it easten lizze de Ardinnen, in berchtme.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.