Forrest Towns

From Wikipedia, the free encyclopedia

Forrest Towns

Forrest Grady (Spec) Towns (Fitzgerald, 6 febrewaris 1914 - Athens, 9 april 1991) wie in Amerikaansk horderinner.

Fluch de feiten
Forrest Towns
sporter
Thumb
Forrest Towns (1939)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeForrest Grady Towns
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum6 febrewaris 1914
berteplakFitzgerald, Georgia
stjerdatum9 april 1991
stjerplakAthens, Georgia
lingte1.90 m
gewicht77 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielHorderinnen
O.S.Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
goud 1x Olympyske Spullen 1936
Slute

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de 110 meter horden yn 14.2. Trije wiken letter die er mei oan in wedstriid yn it Bislettstadion yn Oslo. Hy rûn dêr as earste horderinner ea ûnder de 14 sekonden. Hy sette in nij wrâldrekôr fan 13.7. Dit wrâldrekôr soe pas yn 1950 ferbrutsen wurde.

Nei it beëinigjen fan syn aktive atletykkarriêre waard Forrest Towns yn 1938 earst assistint-atletykcoach op de universiteit fan Georgia en fan 1942 ôf haadcoach, in posysje dy't er behold oant 1975. Forrest Towns ferstoar op 9 april 1991, yn 'e âldens fan 77 jier oan in hertoanfal.

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.