Filips fan Marnix, hear fan Sint-Aldegonde, hear fan West-Souburg (Brussel, tusken 7 maart en 20 july 1540 – Leien, 15 desimber 1598) wie in Súd-Nederlânsk skriuwer, diplomaat, learde en assistint fan Willem fan Oranje. Marnix wie boargemaster fan Antwerpen ûnder it belis en de fal fan Antwerpen yn 1585. Hy wurdt faak beskôge as de skriuwer fan it "Wilhelmus", it Nederlânsk folksliet, mar wis is dat net hielendal.
Wichtichst wurk
Marnix fan Sint-Aldegonde skreau tal fan wurken yn it Nederlânsk, Frânsk en Latyn. Meidat er ek Gryksk en Hebriuwsk koe makke er ek Bibelfertalingen.
- Van de Beelden afgheworpen in de Nederlanden in Augusto 1566.
- Pas yn 1871 foar it earst printe yn Nederlân, mar yn 1567 al yn it Frânsk mei de titel Vraye narration et apologie des choses passées au Pays-Bas: touchant le fait de la religion, en l'an 1566.
- Het Advys aengaende de Twist in de Nederduytsch Hervormde Kercke tot London in Engellandt, Anno 1568.
- Van ende aen denselven als de voorgaende.
- 1569: Den Byencorf der H. Roomsche Kercke.
- Earder satirysk as riddenearjend geskrift, sûnder datum ferskynd ûnder skûlnamme Isaac Rabbotenu. Letter wurke er it fierder út yn it Frânsk ta it mânske Tableau des differens de la religion fan 1500 siden.
- 1580: Het boeck der psalmen Davids.
- 1583: Ratio instituendae iuventutis.
- 1589: Trouwe vermaninge aen de christelicke gemeynten van Brabant, Vlaenderen, Henegauwen ende andere omliggende Landen.
Literatuer
- 1952 F. van Kalken en T. Jonckheere, Marnix van St.Aldegonde .
- 1979 Filips van Marnix, de intellectueel in de politiek (yn: Jan en Annie Romein - Erflaters van onze beschaving)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.