From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fedde Schurerpriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis foar debutanten, neamd nei Fedde Schurer. De priis is foar it earst útrikt yn 1984, en bestie doe út in oarkonde en in bedrach fan 1500 gûne. De priis wurdt útrikt op it Provinsjehûs, tagelyk mei de Dr. Obe Postmapriis. Yn 2005 waard der foar it earst ek in publykspriis takend.
Yn 2012 is de priis opheft en is de Douwe Tammingapriis de Fryske literêre debútpriis wurden.
Om't de priis útrikt wurdt oan immen dy yn in beskaat literêr sjenre debutearret, is it somtiden sa dat ien dy't al mear skreaun hat de priis takend krijt foar wurk yn in foar dy skriuwer nij sjenre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.