Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Fandaalske Ryk of Fandaleryk wie it eardere keninkryk fan de Fandalen yn Noard-Afrika, dat troch kening Geiserik stifte waard neidat er it gebiet op de Romeinen ferovere hie. Fan Afrika út ûnderwurpen de Fandalen Sisylje, Sardynje, Korsika en de Balearen wêrtroch dat ryk wol wat gelikenis fertoande mei it eardere ryk fan de Kartaagse Foenysjers. De Fandaalske foarsten residearren yn Kartago. Sawat in iuw lang (ein 5e en begjin 6e iuw) wienen de Fandalen in macht fan betsjutting yn it Middellânske Seegebiet.
Yn desimber 406 foelen de Fandalen ûnder harren kening Godegisel fan it frije Germaanje de Romeinske provinsje Galje binnen. Dat dienen sy tegearre mei de Alanen en Sueven en lutsen fierder nei it suden oant sy yn oktober 409 Spanje berikten. Earst hâlden sy ta yn it Noardeasten en dienen fan dêrút harren plondertochten. De Romeinen wienen net by steat om harren te ferdriuwen en besochten yn 411 de Fandalen mei foederaty-ferdraggen oan it Romeinske ryk te binen. De Fandaalske Silingen krige lân tawiisd yn de wolfarrende provinsje Hispanje Baetika (de hjoeddeistige regio Andalûsje) yn Súd-Spanje, de Alanen krigen Lusitaanje (tsjintwurdich Portugal) en de Fandaalske Hasdingen en Sueven lân yn Galysje, it Noardwesten fan Spanje.
Earst seach it der nei út dat de Germaanske nijkommers harren foarfêst yn Spanje fêstigje koenen, mar de komst fan de Fisigoaten nei Spanje yn 415 makke hjir al gau in ein oan. De Fisigoaten dy't in grut folk wienen en machtich yn oantal en op fersyk fan de Romeinen komd wienen, woenen lykwols de rike provinsjes fan Spanje foar harren sels 'reservearje' en oefenen hieltyd militêre druk út op de Fandalen dat sy fanneed ûnder lieding fan kening Geiserik oerstutsen nei Noard-Afrika, dêr't de Romeinske provinsjes Mauretaanje Tingitana, Mauretaanje Caesariensis en Afrika leinen. Stadichoan lutsen sy by de kust del nei it easten ta en oermasteren de kuststêden. By it belegerjen fan Hippo Regius kaam de ferneamde biskop en teolooch Augustinus fan Hippo te ferstjerren. Uteinlik berikten sy de wichtichste stêd fan Noard-Afrika, Kartago (yn it tsjintwurdige Tuneezje), it twadde sintrum fan Romeinske kultuer en de weetskuorre dy't foar in grut part Itaalje fan fiedsel foarseach en slagge deryn om it te besetten. Troch in kriichslist koenen sy de stêd alhiel geef yn hannen krije, mar wat noch wichtiger wie, wie dat sy ek de beskiking krigen oer de Romeinske float fan de stêd. Sy fêstigen har en bouden fuort de oermastere float út ta in duchtige macht. Yn de jierren dy't folgen, hâlden sy har foaral dwaande mei piraterij op de Middellânske See.
De Fandalen nommen algau de lúkse libbenswize oer fan de Romeinske elite. Foar de gewoane Romeinske befolking feroare der net folle: allinnich wienen de 'barbaren út it Noarden' tenei de 'masters'. Dêrby frijwarren dizzen wol it kulturele erfgoed dêr, yn tsjinstelling ta wat harren nammemeastal opropt. Fan Kartago streupten de Fandalen as piraten in skoftlang de Middellânske See ôf op siik nei bút, mar begûnen stadichoan normale handelsbetrekkingen wêrby't hja harren âlde farrûtes oernamen en dominearden. Yn 435 krigen sy nammentlik fan de ûnder druk sette Romeinen de offisjele status fan foederaty ('bûnsmaten') om't yn harren ryk 'bliuwe te meien'. Fansels hienen de Romeinen doedestiids neat te sizzen oer de Fandalen mar de Fandaalske kening fûn it wol moai stean by syn list mei offisjele titels.
Sa stiften de Fandalen yn Noard-Afrika harren eigen keninkryk en oermasteren alyksa Sisylje, Sardynje, Korsika en de Balearen wêrtroch har ryk wol wat gelikenis fertoande mei it eardere ryk fan de Kartaagse Fenysjers. Ek tiidgenoaten seagen dizze oerienkomst en skreaunen dat de dagen fan de Punyske oarloggen weromkommen wienen en 'Rome' op 'e nij yn oarloch wie mei 'Kartago'.
Yn 455 plonderen de Fandaalske 'Kartagers' Rome sels (dêr't de echte Kartaagse Fenysjers nea yn slagge wiene) wêrby sy alles fan wearde fuortsleepten wat de Fisigoaten by harren eardere plondering fan de stêd yn 410 noch oerlitten hienen. Sels de mei blêdgoud bedekte koepels fan offisjele gebouwen, lykas dat fan it Panteon, waarden hielendal stript. Srafekspedysjes fan de mei-inoar Romeinske float om harren te ferslaan hâlden neat út en sawat in iuw lang bleaunen de Fandalen in macht fan betsjutting yn it Middelânske Seegebiet.
Under kening Geizerik (428-477 hienen de Fandalen it toppunt fan harren macht berikt. Under syn opfolgers gong it stadichoan minder. Lykwols soe it noch oant 533 doarje foardat sy wer mei in oanfal fan de Romeinen te krijen hienen. De Romeinske keizer Justitianus stjoerde doe in leger ûnder lieding fan de Byzantynske generaal Belisarius tsjin de Fandalen. Yn twa slaggen waarden sy ferneatigjend ferslein: de Slach by Ad Decimum en de Slach by Trikameron, beide yn de omjouwing fan Kartago. Hjirnei ferdwûn it folk fan de Fandalen fan it toaniel: de oerwûne Fandalen assimilearren har mei de rûnom wenjende befolking.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.