Ensertsjerke
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ensertsjerke is de eardere herfoarme tsjerke op it doedestiidske eilân Skoklân. De tsjerke ferfong yn 1834 in tsjerke út 1717 en is tsjintwurdich in ryksmonumint.
Ensertsjerke
Enserkerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Flevolân | |
gemeente | Noardeastpolder | |
plak | Skoklân | |
adres | Middelbuurt | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1834 | |
arsjitekt | D.J.Thomkins | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 30727 | |
offisjele webside | ||
Museum Schokland |
Yn 1717 waard njonken de pastorij fan 1650 op de terp Middelbuurt op in mitseld muorke in houten tsjerke boud. De tsjerke wie ornearre om de Ensenertsjerke op de Súdpunt fan Skoklân te ferfangen. It houten tsjerkje hie slim te lijen fan de Stoarmfloed fan 1825. Yn 1830 wie it sa fier dat de gebouwen sloopt wurde moasten.
Mei finansjele stipe fan it Ryk koe yn 1834 in nije tsjerke boud wurde. De tsjerke wie in ûntwerp fan de haadingenieur fan Wettersteat. By de ûntfolking fan Skoklân yn 1899 bleau de tsjerke sparre.
Yn 1942 foel de Noardeastpolder droech. Om it earder eilân lei no lân. De tsjerke wie yn gebrûk as hynstestâl. Fanôf 1947 waard it Museum Schokland yn de tsjerke ûnderbrocht. Oant 1990 fûnen der wikseljende eksposysjes plak en sûnt is it ynterieur yn de oarspronklike steat werom brocht. Tsjintwurdich wurdt it brûkt as ekposysjeromte en troulokaasje fan de gemeente Noardeastpolder.
De tsjerke besit in elektronyskh Heyligers-oargel.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.