From Wikipedia, the free encyclopedia
Engern of Angria en Angaria is in histoarysk gebiet yn de hjoeddeiske Dútske steaten Nedersaksen, Bremen en Noardryn-Westfalen. De kronykskriuwer Widukind fan Corvey skreau yn syn wurk de Res gestae saxonicae dat Engern de sintrale regio fan it midsiuwske Stamhartochdom Saksen wie, dat it gebiet oan de beide iggen fan de Weser fan boppe nei ûnderen omfieme. De regio Westfalen grinzge der yn it westen oan en de regio Eastfalen grinzge der yn it easten oan. De namme komt fan de eardere Germaanske stamme de Angrivaarjers. Dy stamme is by it Folkeferfarren opgien yn it Bûn fan de Saksen. It mulpunt fan de regio wie de stêd Minden dy't sûnt 803 de sit fan in bisdom waard.
It lân fan 'e Angrivaarjers waard ferôvere troch Karel de Grutte yn de Saksekriich en neffens de Keninklike Frankyske Annalen sleaten Angrivaarske lieders harren eigen fredersûnderhannelings mei it Karolingyske Ryk by Bückeburg yn 775.
Yn 1180 ferballe keizer Freark Barbarossa de Saksyske hartoch Hindrik de Liuw en skafte it hartochdom winliken ôf, doe't er it ferdielde yn it foardiel fan lytsere foarstendommen. It Hartochdom Westfalen waard skonken oan de aartsbiskop fan Keulen, wylst Engern oan Bernard fan Anhalt ta kaam, dy't de hartochstitel fan Saksen oernaam. De namme Engern waard dêrnei amper mear brûkt. Yn de trettjinde iuw waard it sintrale gebiet om de Weser hinne it mulpunt fan it greefskip Hoya, dat yn 1582 urven wie troch de hartoggen fan Breunswyk-Lüneburg
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.