From Wikipedia, the free encyclopedia
It emeritaat (mei de klam op it lêste wurdlid) is de gebrûklike namme foar de status fan heechlearaars, geastliken en magistraten dy't mei pinsjoen gien binne. It is de ferbûging ta haadwurd fan it byhearrende eigenskipswurd emearitus (mei de klam op it twadde wurdlid), dat yn it gefal fan 'e pinsjonearring fan sa'n persoan oan syn titel of berop tafoege wurdt (bygelyks: in 'emearitus dûmny' of in 'emearitus professor'). Soks wurdt faak ôfkoarte ta 'em. dû.' of 'em. prof.' of ek wol 'dû. em.' of 'prof. em.' (yn beide gefallen útsprutsen as 'emearitus dûmny' of 'emearitus professor').
'Emearitus' is in wurdt dat ûntliend is oan it Latynske ex- ("út") en meritus ("fertsjinste"), mei as betsjutting "úttsjinne". In gongbere geef Fryske foarm foar 'emearitus' is "rêstend". 'Emearitus' kin ek as haadwurd brûkt wurde: "de emearitus"; de froulike foarm is dan emearita en de meartalsfoarm emearity. Yn guon gefallen, meast by de geastlikheid, wurdt de titel 'emearitus' automatysk fan tapassing op alle persoanen dy't mei pinsjoen geane, mar op oare wurkmêden, lykas yn it universitêr ûnderwiis, is it in earetitel dy't takend wurdt oan lju dy't nei har frijwillige of twongen pinsjonearring dochs noch aktyf by har tûke fan wittenskip belutsen bliuwe.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.