From Wikipedia, the free encyclopedia
Eelke Jelles Eelkema (ek: Eelkama) (Ljouwert, 8 july 1788 - Ljouwert, 27 novimber 1839) wie in dôve Ljouwerter keunstskilder en tekener dy't benammen bekend is fanwege syn stillibbens.
Eelke Jelles Eelkema | ||
keunstner | ||
Eelke Jelles Eelkema, skildere troch syn learling Cornelis Bernardus Buijs | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 july 1788 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 27 novimber 1839 (51 jier) | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder, tekener |
Fanwegen syn dôvens, feroarsake troch in sykte doe't er sân jier wie, waard er fan syn alfde oant syn 19e jier oplaat oan it Dôfstommeynstitút yn Grins, dêr't er tekenjen learde fan G. de San en skilderles krige fan J.N. Schoonbeek.
Hoewol't Eelkema bekend stie as blommeskilder, hat hy ek in soad lânskippen skildere. Hy joech teken- en skilderles, ûnder oaren oan Cornelis Bernardus Buijs dy't op syn beurt wer les joech oan Jozef Israëls, lid fan de saneamde Haachske Skoalle.
Yn 1818 makke Eelkema in fuotreis fia Frankryk en oer de Alpen oant yn Turyn. Hy wurke ûnder oaren yn Amsterdam, Haarlim en Parys, dêr't er op kosten fan de kening Willem I, dy't ek wurk fan him kocht, hinne reizge. Op lettere leeftyd waard Eelkema blyn.
It Ryksmuseum Amsterdam hat sân wurken yn de kolleksje.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eelke Jelles Eelkema fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.