Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Edmund Spenser (Londen, 1552/1553 – dêre, 13 jannewaris 1599) wie in Ingelsk dichter en in tiidgenoat fan 'e grutte toanielskriuwer William Shakespeare. Hy is it bekendst om syn The Faerie Queene, in epysk gedicht yn 'e foarm fan in fantastyske allegory basearre op 'e Tudor-dynasty en yn it bysûnder op keninginne Elizabeth I. Spenser wurdt algemien sjoen as de meast ynfloedrike wurdesmeier út it begjinstadium fan 'e moderne Ingelske poëzij, en hy wurdt beskôge as ien fan 'e grutste dichters yn 'e Ingelske taal.
Edmund Spenser | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Edmund Spenser | |
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | 1552 of 1553 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 13 jannewaris 1599 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | poëzij | |
perioade | Renêssânse | |
bekendste wurk(en) | The Faerie Queene Amoretti | |
jierren aktyf | 1569 – 1599 | |
offisjele webside | ||
www.english.cam.ac.uk/spenseronline |
Edmund Spenser waard yn 1552 of 1553 berne yn 'e Londenske buert East Smithfield, yn in begoedige boargerfermidden. Hy genoat syn skoaloplieding 'e Londenske Merchant Taylors' School en studearre neitiid oan it Pembroke College fan 'e Universiteit fan Cambridge. Wylst er yn Cambridge tahold, rekke er befreone mei de lettere skriuwer en wittenskipper Gabriel Harvey, dy't er letter by syn dichtwurk beloek, nettsjinsteande harren ferskillende opfettings oangeande poëzij. Yn 1578 wie Spenser in blaumoandei siktaris fan John Young, de biskop fan Rochester. It jiers dêrop publisearre er syn earste echte dichtbondel, The Shepheardes Calender (yn hjoeddeiske stavering: The Shepherd's Calender, "De Skiephoederskalinder"), en om dyselde tiid hinne troude er mei syn earste frou, Machabyas Childe.
Yn july 1580 reizge Spenser yn 'e tsjinst fan 'e nij oanstelde fise-gûverneur, Arthur Grey, nei Ierlân ta. Doe't Grey weromroppen waard nei Ingelân, bleau Spenser yn Ierlân, dêr't er ûnderwilens oare offisjele amten ferfolle en lânerijen bemachtige hie yn 'e Plantaazje fan Munster. Earne tusken 1587 en 1589 kaam syn wichtichste bûtenpleats Kilcolman, by Doneraile, yn noardlik Cork, yn syn besit. Hy hie yn dy krite kunde oan ferskate oare foaroansteande kolonisten, wêrûnder de admiraal en ûntdekkingsreizger Walter Raleigh. Letter kocht er in twadde bûten oan dat fan Rennie hiet, besuden Kilcolman, by in rots dy't útseach oer de rivier de Blackwater. De ruïnes dêrfan binne hjoed de dei noch sichtber. In lyts eintsje fierderop woeks in beam, dy't pleatslik bekendstie as Spenser's Oak, mar dy't yn 'e 1960-er jierren ferneatige waard troch in wjerljochtynslach. Men woe dêre hawwe dat Spenser in part fan The Faerie Queene ûnder dy beam skreaun hie.
Yn 1590 publisearre Spenser de earste trije boeken fan syn masterwurk The Faerie Queene, nei't er spesjaal dêrfoar, wierskynlik mei help fan Raleigh, nei Londen ta reizge wie. Yn 1596 folgen nochris trije boeken, en hoewol't Spenser oarspronklik oanjûn hie dat it dichtwurk úteinlik tolve boeken beslaan soe (en de seis boeken dus eins mar de helte binne fan it ferhaal dat er yn 'e holle hie), is it dochs ien fan langste gedichten dy't ea yn 'e Ingelske taal skreaun wurden binne. It is in wurk dat yn in folslein allegoaryske kontekst in stikmannich ridders folget dy't ferskate deugden beproevje. Spenser skreau it mei sin sa, dat it ek lêzen wurde koe as in lofsang op keninginne Elizabeth I en op it hiele Hûs Tudor. Hy wist der in jierrinte fan £ 50,— fan 'e keninginne mei te winnen. It wie foar 't neist syn bedoeling om mei it wurk ek in fêste post oan it Keninklik Hof te bemachtigjen, mar yn 1591 publisearre er syn bondel Complaints, dêr't ek it satiryske Mother Hubberd's Tale ta hearde, wêrmei't er William Cecil, de foarnaamste riedshear fan 'e keninginne, alhiel tsjin him yn it harnas jage. Dat hy kearde werom nei Ierlân.
Tsjin 1594 wie Spenser syn earste frou kommen te ferstjerren, en dat jiers wertroude er mei Elizabeth Boyle, oan wa't er de sonnettebondel Amoretti opdroech. It houlik sels bejubele er yn syn samling Epithalamion.
Twa jier letter, yn 1596, skreau Spenser syn iennichste proazageskrift, in traktaat yn 'e foarm fan in dialooch oangeande de (yn syn eagen nedige) bestjoersherfoarming yn Ierlân, mei as titel A Vewe of the Present State of Irelande ("In Miening oer de Tsjintwurdige Steat fan Ierlân"). It wurdt sterk fermoede dat de ideeën dy't Spenser dêryn op 't aljemint brocht, net syn eigen wiene, mar ynstee dy fan Arthur Grey, fan wa't bekend is dat er op polityk mêd in grutte ynfloed op Spenser hie. Yn it pamflet, dat fanwegen syn oprokkenjende ynhâld pas fier yn 'e santjinde iuw útjûn waard, pleitet Spenser foar de folsleine útrûging fan 'e Ierske taal en kultuer, sa nedich troch geweld, om't dat neffens him de iennichste manear wêze soe om Ierlân "te pasifisearjen" (wêrmei't er bedoelde "foargoed ûnder Ingelsk bewâld te bringen").
Letter, ûnder de Ierske Njoggenjierrige Oarloch, yn 1598, waard Spenser fan hûs en hiem ferdreaun troch de lânseigen Ierske opstannelingen fan Hugh O'Neill, de greve fan Tyrone. Syn kastiel Kilcolman waard platbaarnd, en neffens it ferhaal kaam ien fan syn jonge bern dêrby yn 'e flammen om. Datselde jiers noch reizge er wer nei Londen ta, dêr't mei 46 jier stoar. Syn deakiste waard troch oare dichters nei syn grêf yn Westminster Abbey droegen, dêr't se ûnder lûd skriemen pinnen en papierkes mei gedichten yn smieten. Syn frou Elizabeth Boyle oerlibbe Spenser en wertroude noch twaris.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.