Ediger-Eller

From Wikipedia, the free encyclopedia

Ediger-Eller

Ediger-Eller is in twillingsdoarp yn de lânkring Cochem-Zell yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts.

Fluch de feiten
Ediger-Eller
Thumb
Sint-Martinustsjerke fan Ediger
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringCochem-Zell
ferbânsgemeenteCochem
Sifers
Ynwennertal890 (2021)
Oerflak19,18 km²
Befolkingsticht.46 ynw./km²
Hichte99 m
Oar
Postkoade56814
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 05'N 7° 09'E
Offisjele webside
www.ediger-eller.de
Kaart
Thumb
Slute

Oant 1969 wiene Ediger en Eller selsstannige gemeenten. Sûnt 7 juny 1969 foarmje de beide plakken de Ortsgemeinde Ediger-Eller. Ediger-Eller falt ûnder de ferbânsgemeente Cochem.

Geografy

Ediger-Eller leit oan de Mûzel. It Ortsteil Eller leit oan de foet fan de Calmont, de steilste wyngerdberch fan Jeropa.

It besjen wurdich

Njonken in soad fakwurkhûzen binne u.o. it besjen wurdich:

Ediger

  • De katolike parochytsjerke St. Martin. De let-goatyske tsjerke hat in romaansk doopfet en in barok alter.
  • Dielen fan de âlde stedsfersterking.
  • De Kreuzkapelle boppe op de wynberch mei in reliëf fan "Kristus yn de Wynpers" (twadde helte 16e iuw). Nei de kapel liedt in barokke krúswei.
  • De Wohnturm Hofgut Lehmen fuort oan de Bundesstraße leit krekt bûten Ediger. It bouwurk is in romaanske wentoer, dy't foar it earst yn it jier 1245 neamd wurdt.
  • De Meinradskapelle oan de Kapellenstraße/hoek Moselweinstraße is in beafeartskapel, dy't datearret út 1666/1667
  • De eardere synagoge oan de Rathausstraße tusken de nûmers 3 en 5 is in ienfâldich bouwurk út de 19e iuw en is folsein restaurearre.

Eller

  • De Sint-Hilarius oan de Bachstraße is in katolike tsjerke (likernôch 1500) mei in let-romaanske toer. It ynterieur is barok en neogoatysk. It Stumm-oargel stamt fan 1828.
  • Yn de St.-Arnulfs-Kapelle of Rochuskapelle (ek fan 1500) is in fresko fan de bespotting fan Kristus te sjen.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.