Eastersk-katolisisme

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

It eastersk-katolisisme is in streaming binnen it eastersk kristendom dy't opmakke is út in rige tsjerken fan sawol nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse as eastersk-otterdokse synjatuer. Se foarmje histoarysk noch teologysk in ienheid, en it iennichste dat al dy tsjerkgenoatskippen gemien hawwe, is dat se har as selsbestjoerende tsjerken mei behâld fan eigen eastersk-kristlike liturgy, teology en earetsjinst weriene hawwe mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, yn folsleine kommuny ferkeare mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en it gesach fan 'e paus fan Rome erkenne. Yn 'e measte gefallen giet it hjirby om ôfspjaltings fan nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse en eastersk-otterdokse tsjerken, dy't njonken har fuortbesteane (lykas de Koptysk-Otterdokse Tsjerke njonken de Koptysk-Katolike Tsjerke). De eastersk-katolike tsjerken binne dan yn 'e regel (folle) lytser as de easterk-kristlike denominaasje dêr't se fan ôfspjalte binne. In útsûndering is de Maronityske Tsjerke, dy't yn syn gehiel eastersk-katolyk is.

Thumb
In eastersk-katolyk tsjerkhôf yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, dêr't har oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw in protte eastersk-katoliken nei wenjen setten.
Remove ads

Fersprieding

Der binne wrâldwiid likernôch 17,8 miljoen eastersk-katolike leauwenden, dy't benammen konsintrearre binne yn East-Jeropa, de Balkan, it Midden-Easten, de súdlike Kaukasus, Lyts-Aazje, noardeastlik Afrika, de Hoarn fan Afrika en de súdwestpunt fan Yndia. De eastersk-katolike tsjerken mei mear as ien miljoen leden binne de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke (5,4 miljoen); de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke (3,8 miljoen); de Maronityske Tsjerke (3,3 miljoen); en de Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke (1,6 miljoen).

Remove ads

De eastersk-otterdokse tsjerken

Dit is in list fan 'e eastersk-katolike tsjerken, ûnderferdield neffens de trije streamings fan it easterske kristendom dêr't se ta hearre.

  • teologysk besibbe oan 'e eastersk-otterdokse tsjerken
    • de Albaneeske Byzantynsk-Katolike Tsjerke
    • de Bulgaarske Gryksk-Katolike Tsjerke
    • de Grykske Byzantynsk-Katolike Tsjerke
    • de Hongaarske Byzantynsk-Katolike Tsjerke
    • de Italo-Albaneeske Byzantynsk-Katolike Tsjerke
    • de Byzantynske Tsjerke fan Kroaasje, Servje en Montenegro
    • de Masedoanysk-Katolike Tsjerke
    • de Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke
    • de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke
    • de Roemeenske Gryksk-Katolike Tsjerke
    • de Roeteenske Byzantynsk-Katolike Tsjerke
    • de Slowaakske Byzantynsk-Katolike Tsjerke
  • teologysk besibbe oan 'e oriïntaalsk-otterdokse tsjerken
    • de Armeensk-Katolike Tsjerke
    • de Etiopysk-Katolike Tsjerke
    • de Koptysk-Katolike Tsjerke
    • de Maronityske Tsjerke
    • de Syro-Malankara-Katolike Tsjerke
    • de Syrysk-Katolike Tsjerke
  • teologysk besibbe oan 'e nestoriaanske tsjerken
    • de Galdeesk-Katolike Tsjerke
    • de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke

Mei de termen "Byzantynsk-katolyk" en "Gryksk-katolyk" wurde de eastersk-otterdokse tsjerken omskreaun, dy't de Byzantynske liturgy brûke. De term "oriïntaalsk-katolyk" tsjut op 'e oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dy't de Aleksandrynske, Antiocheenske, Armeenske en Westsyryske liturgyske tradysjes folgje. De nestoriaanske tsjerken, dy't de Eastsyryske liturgy oanhingje, wurde ek wol fan "nestoriaansk-katolyk" neamd.

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads