Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Earmesoarch wie de soarch foar earmen doe't der noch gjin sosjale wetjouwing wie lykas yn de 20e iuw.
Yn de Midsiuwen waard de measte earme soarch dien troch de Roomsk-katolike tsjerke. In leauwige hie 7 wurken fan barmhertigens te earbiedigjen: it fieden fan hongerigen, it laavjen fan toarstigen, it herbergjen fan frjemdlingen, it klaaien fan neakenen, it besykjen fan finzenenen en siken en it begraven fan de deaden.
Ek de rikelju hiene de plicht om te sjen nei de earmen: Adel ferplichtet. It blykt út de hofkes en weeshuzen yn stêden as Boalsert, Dokkum en Ljouwert. It Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert út 1425 is wol de grutste en bekendste. Ielmissen mochten jûn wurde en it bidden foar de oar wie de beleanning. Parochys moasten foar de eigen earme leden soargje, buerten en gilden diene itselden foar harren leden. En adel en geastliken soargen foar dejingen dy't by har yn tsjinst wiene. Nei de 12e iuw, by de opkomst fan de stêden waarden gasthuzen en hospitalen boud foar earmen, siken en leproazen. In soad earmelju wennen op harsels, en dy krigen stipe fan de earmfâdijen of religieuze buorskippen. Dit koe yn de foarm fan jild as iten jûn wurde. Dochs krigen earmen fan de eigen rûnte faak wat mear as 'frjemden'.
Fan de 16e iuw ôf ferskode de soarch fan de tsjerke mear nei de oerheden. Dat barde benammen op plakken dêr't troch de yndustrialisaasje in soad earmelju by inoar wennen. It biddeljen naam ta en nei 1531 waard biddeljen bestraft. Foar safier at it koe waard foar de soarch wol in tsjinprestaasje ferlange yn tuchthuzen en weeshuzen. Der waarden fûnsen oanlein en as der te min jild wie waarden kollektes hâlden. It wie it begjin fan in humanitêre opfetting. Dêrneist bleaune partikuliere gasthuzen, faak neamd nei de stifter, bestean. De nammen Ritske Boelema, Marcelis Goverts, Boshuysen en Gabbema binne noch altyd oan sokke huzen ferbûn. Tsjerklike diakonyen joegen mear oan leauwigen fan de eigen denominaasje as oan it algemien. Dejingen dy't it fan de stêd hawwe moasten hienen it faak helte slimmer as dy fan partikuliere diakonyen. Sa wienen der ûnder de earmen ek gradaasjes yn earm wêzen. Underhearrigens wie in earste fereaske om yn oanmerking te kommen foar help. Yn de 18e iuw waard it ûnderskied tusken earmen sels sichtber troch de ferplichting om merktekens fan de eigen kategory op de klean te dragen.
Dat de oerheid oan earmesoarch die blykt wol út de stifting fan de Maatskippij fan Woldiedichheid dy't yn 1818 oprjochte waard.
Nei 1965 wie bystân in rjocht, fanwege de Algemien Bystânswet.(ABW).
De Algemene Bystânswet kwam yn it plak fan de earmewet fan 1854 en dy't yn 1912 in bytsje oanpast wie. Mei de ABW kaam it primaat fan de earmesoarch by de oerheid te lizzen.
Doe't yn de rin fan de jierren '80 fan de 20e iuw de hichte fan de bystân efter bleau by de kosten fan libbensûnderhâld, naam de bemuoenis fan tredden mei de earmesoarch wer ta. Yn 1987 rjochte de Rie fan Tsjerken de wurkgroep 'Earme Kant fan Nederlân' op, mei it doel omtinken te freegjen foar de earmoedeproblematyk. Yn it begjin fan de 21e iuw hawwe ferskate tsjerken en partikuliere ynstellingen lokale fiedselbanken oprjochte. Yn 2006 waard skatten dat 8000 húshâldings gebrûk meitsje fan de fiedselbanken.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.