Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Durk Beeksma (Himmelum, 21 maart 1913 - Ljouwert (Huzum), 26 febrewaris 2012) wie in Alvestêdetochtrider. Tusken 1933 en 1963 helle er mar leafst sân alvestêdekrúskes. Hy hat de tocht wol 37 kear fytst en ien kear rûn. Joech op syn 85e gymles oan froulju. Hy luts ek de oandacht omdat er winterdeis geregeldwei in dûk naam yn it Van Harinxmakanaal. Dêrnei bleau hy oant syn njoggentichste fytstochten by de alve stêden en de alve marren lâns riden, op it lêst ried er mei twa keunstheupen. Beeksma hat by de Frico wurke en dêrnei de langste tiid by de Oude Delft Leeuwarden, it bedriuw dat trochljochtingsapparatuer makke en nachtsicht apparatuer. Wie ek aktyf yn de hielûnthâldersferiening. Op 14 jannewaris 2009 is Durk Beeksma yn Ljouwert huldige foar syn 80-jierrich lidmaatskip fan FNV Bondgenoten en foarrinders dêrfan. Hy krige dêrfoar in sulveren skaal. Beeksma ferstoar 98 jier âld neidat er twa jier yn soarchsintrum Nieuw Mellens wenne hie. Dat wie krekt 26 jier nei de Alvestêdetocht fan 1986.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.