From Wikipedia, the free encyclopedia
In duology, in gearstalling fan it Latynske duo- ("twa") en it Grykske -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is in rige fan twa wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten, dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as twa losse mar nau besibbe wurken. Duologyen komme benammen foar yn 'e literatuer, as twadielige romansearjes, en soms op it mêd fan 'e film. Yn 'e skilderkeunst sprekt men yn 'e regel net fan in duology, mar fan in twalûk. Analooch oan in duology wurdt in searje fan trije wurken in trilogy neamd, ien fan fjouwer wurken in tetralogy, ien fan fiif wurken in pentalogy, ien fan seis wurken in heksalogy en ien fan sân wurken in heptalogy.
Yn 'e literatuer komme duologyen gauris ta stân om't in wurk te lang is om yn ien bân út te jaan. foarbylden fan duologyen út 'e literatuer binne The Sarantine Mosaic fan Guy Gavriel Kay, besteande út 'e boeken Sailing to Sarantium en Lord of Emperors, de saneamde Grykske duology fan David Gemmell, besteande út Lion of Macedon en Dark Prince, de Cyteen-duology fan C.J. Cherryh, besteande út 'e romans Cyteen en Regenesis, en de Santa Olivia-duology fan Jacqueline Carey, besteande út Santa Olivia en Saints Astray.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.