In doarpskrante is in krante mei nijs oer dat doarp. Lytsere doarpen hawwe ek wolris in krantsje foar mear as harren eigen doarp (4H). De doarpskrantsjes kinne útjûn wurde troch Pleatslik Belang of in kommisje dêrfan mar ek troch in groepke minsken dat der niget oan hat of him ferantwurdlik fielt.
De ûnderwerpen en rubriken binne tige ferskillend: doarpsfyzje, doarpsskiednis, nije ynwenners, ferieningsnijs, ferslaggen en sa mear.
De namme fan in doarpskrantsje kin ûntliend wêze oan it doarp, bg. Op 'e Hichte foar in terpdoarp of in algemiene namme as It Pompeblêd.
Krantsjes ferskine bytiden fjouwer kear yn 't jier mar ek wol tsien of alve kear yn 't jier. De lêste jierren komme de krantsjes hieltyd faker digitaal beskikber op de webstee fan it doarp. Der binne ek doarpen dy't der oer tinke om de krante yn de takomst allinnich noch mar op de webstee beskikber te stellen. De feriening Doarpswurk hat tips foar de redaksjes doarpswebside jûn.
De gemeente Tytsjerksteradiel hat in kursus foar Frysk skriuwen opset foar redaksjes fan doarpskranten.
Sjoch ek
Keppelings om utens
- Feriening Doarpswurk mei tips foar redaksjes doarpswebsiden
- Wikiwurdboek-side - doarpskrante
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.