Dirck Camphuysen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dirck Rafaëlssoan Camphuysen (Garkum, 1586 - Dokkum, 19 july 1627) wie in ferneamd dichter, predikant en tinker.
Camphuysen waard berne yn Gorinchem yn 1586. Nei syn stúdzje teology yn Leien, wurke er yn syn jonge jierren as predikant yn Fleuten. Letter waard er fanwege syn Arminiaanske tinkbylden ferfolge.
Camphysen kaam op syn flecht foar de kontraremonstranten fia East-Fryslân (Norden) nei Harns (1621-1622) en wie in skoft op It Amelân (1622) en Dokkum (1623-1627). Dêr die er oersetwurk (û.o. Psalmberiming) en hied er in flaakshannel. Yn 1625 betanke er foar in professoraat yn Rakow. Ofkearich fan alle tsjerklike autoriteit fielde er him it measte thús by de kollegianten.
Syn bekendste wurk is 'De Stichtelyke Rymen' út 1624. Dit wurk waard yn in iuw tiid 50 kear werprinte, wat bewiist dat Camphuysen nei Jacob Cats de meast lêzen dichter fan syn tiid wie.
Camphuysen stoar yn 1627 yn Dokkum. It steedlik Gymnasium fan Gorinchem is nei him neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.