From Wikipedia, the free encyclopedia
Didreksêge is in sêge dy't giet oer de aventoeren fan de held Didrek fan Bern. De aventoeren binne basearre op de histoaryske Diderik de Grutte en Bern is de stêd Ferona yn Noard-Itaalje. It ferhaal is om-ende-by 1250 foar it earst opskreaun yn Noarwegen en waard in protte lêzen yn midsiuwsk Skandinaavje.
It origineel is nei alle gedachten opskreaun yn it Aldnoarsk, want it ferhaal is ûnder oaren basearre op âlde Germaanse ferhalen en sêgen. Se binne der noch net út hokker diel stipet op de Germaanske ferhalen en hokker diel op Noarske ferhalen. Fergelykjend ûndersiik mei ûnder oaren it Nibelungenlied moat hjiroer mear útwize.
De Didreksêge fertelt it ferhaal fan Didrek fan Bern mei syn heldenstriders. De sêge begjint mei in ynlieding oer Didreks âlden en syn jeugd. Dêrnei giet it oer de helden Hildebrand, Witich en Heime. Sy arrivearren op in dei oan it hof fan Didrek yn Bern. Heime en Witich dagen Didrek út foar in twastriid. Heime ferliest, mar Witich wint it gefjocht mei Didrek. Didrek hat it der mar dreech mei om oer syn ferlies te kommen en ryd derop út. Op syn paad komt er in draak tsjin dy't er dea makket en moetet twa nije helden, de Nibelungen Hagen en Gunter.
It ferhaal giet fierder mei Didrek dy't mei tolve helden der op út lûkt, wêrûnder Hagen en Gunter, om harren te bewizen yn de striid tsjin kening Isung fan Bertangalân mei syn alve soannen en de strider Sygfried. In protte fan Didrek syn freonen sneuvelen yn de striid, mar Didrek wint lykwols fan Sygfried dy't dêrnei boasket mei de Nibelungenprinses Grimhilde, de suster fan Gunter.
Op de ein fan syn jeugd oermastere kening Ermenrik, de hearsker fan Rome en dy't in omke fan him is, de haadstêd Bern. Didrek flecht fuort nei it hof fan kening Attila dêr't hy goed 20 jier bliuwe sil. Hy belibbet dêr as soldaat fan allerhanne aventoeren. Lang om let besiket Didrek tegearre mei de Hunnen de stêd Bern wer yn hannen te krijen, ar yn de slach fan Gransport ferliest hy syn broer. Yn de slach wurde ek twa soannen fan Attila deade troch Witich, dy't Bern ferdigene foar kening Ermenrik.
Underwilens is yn Nibelungenlân Sygfried, dy't machtich wurden wie fermoarde troch Hagen en Gunter. De frou fan Sygfrierd, Grimhilde sint op wraak en boasket mei Attila. Sân jierren letter nûget sy har bruorren út foar in feest oan it hof fan Attila. Dat besyk rint út op in gefjocht tusken en de Nibelungen. Grimhildes bruorren falle yn de striid. Didrek besiket ynearsten him net mei de striid te bemoeien, mar kiest úteinlik foar Attila. Yn in twastriid deadet hy Hagen.
Nei de dea fan kening Ermenrik giet Didrek tegearre mei syn âlde freon Hildebrand tebek nei Bern. Hy nimt Bern yn en dêrnei slagget hy deryn om it iuwenâlde keninkryk Rome op Ermenrik te feroveren. Op de ein fan syn libben lit Didrek him bekeare ta it kristendom, mar der is noch altyd ien fijân oer. Yn syn lêste gefjocht nimt er it op tsjin Witich dy't de bruorren fan Attila deade hie. Didrek wint it gefjocht, mar rekket deadlik ferwûne en stjert op de weromreis nei Bern.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.