From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sterrenberg is in nôtmûne oan de Burgemeester Weimalaan yn Nijefean yn de gemeente Meppel.
De Sterrenberg | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Nijeveen | |
adres | Boarg. Weimaleane | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1977 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 30957 [1] | |
offisjele webside | ||
molen-sterrenberg.nl |
De mûne stie oarspronklik yn it East-Fryske Weener en wie dêr fan de famylje Sterrenberg. De mûne, oarspronklik boud yn 1786, wie healwei de jierren 1970 brekfallich woarn en in amtner fan de doetiidske gemeente Nijeveen krige by tafal te hearren dat de famylje wol fan de mûne ôf woe. Werom yn Nijeveen besocht de amtner meistanners te krijen foar de ferhûzing fan de mûne nei Nijeveen, mar der wie polityk ferset fan û.o. boargemaster Niemeijer. Nettsjinsteande it ferset slagge it dochs in mearderheid yn de gemeenterie foar it útstel te krijen om de mûne foar in symboalysk bedrach oan te keapjen. Betingst fan de famylje Sterrenberg wie wol dat de mûne yn deselde steat wer opboud waard, itjinge troch de firma Schakel út Eksmoarre útfierd waard. De weropbou yn Nijefean fûn plak yn 1977, it jier dat Nijefean 500 jier bestie. De mûne waard op 11 augustus 1977 troch prins Claus iepene.
De Sterrenberg is ferneamd nei de East-Fryske famylje fan wa't de mûne wie. It is in achtkante boppekruier op in nij mitselde ûnderbou. It houten achtkant en de kape binne reitdutsen. Unyk foar Nederlân is de wynroas foar it automatysk kruien op de kape fan de stellingmûne. De wjukken hawwe selsswichting en in flecht fan 23 meter.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.